Wilwolt fan Schaumberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Wilwolt fan Schaumberch''' (* 1446 - † 20 april 1510 wie in Dútsk militêre lieder. De militêre suksessen dy't hy oer e Friezen behelle yn de maaityd en hjerst [[1498]...
 
tf's
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Wiltwolt wie ôfkomstich út in leech aadlik laach, de [[Schaumberch (eallju)|Schaumberch]]s, dy't fan [[Türingen]] weikamen en dat wiidfersprakele wie. Om yn syn libbensûnderhâld te foarsjen waard hy beropsmilitêr.
 
Yn [[1475]] wurde troch Wiltwolt militêre kampanjes útfierd yn tsjinst fan [[Karel de Stoute]]. Dat jier stjert ek syn heit. Fan [[1480]] ôf tsjinne hy yn [[Brandenboarch]] en gie op reis meibeselskippe de greve fan Henneberch op syn reis nei [[Rome (stêd)|Rome]]. De greven fan Henneberch belienden Wiltwolt mei de stêd [[Ilmenau]] (tusken 1476-1498).
 
Yn 1484 hat er meidien oan it Fjouwerlannen toernooi fan Stuttgart en yn 1487 wurdt er kommandant by [[Albrecht fan Saksen]]. De hartoch wurdt troch de Dútske keizer ynhierd om de Hongaarske kening [[Matthias Corvinus]] te bestriden, dy't grutte parten fan Eastenryk beset hâlden. Wilwolt fiert de troepen oan fan Albrecht.
 
As Albrecht Fryslân ûnderhearrich meitsje wol stjoerd er Wilwolt dêrhinne mei in grut leger. Yn trije gefjochten wurde de Friezen troch him ferslein, yn april [[1498]] op wei nei [[Grins (stêd)|Grins]], op [[10 juny]] yn de [[slach by Laaksum]] en yn de moannen septemberseptimber en oktober by it [[belis fan Ljouwert]].
 
Nei in libbenlang soldaat west te hawwe hâldt Wilwolt yn 1500 dêrmei op en festiget him op syn famyljeslot dêr't syn lestelêste jierren trochbringt.
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]