Ynterfryske Dikekaart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan de Ried sels
L kat. [[]]
Rigel 1:
De '''Ynterfryske Dikekaart''' is in kaart mei diken yn alle Fryske lannen. De kaart is makke troch de Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.
 
It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it [[Westerlauwersk Frysk]] hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it [[Sealterlân]] binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om [[Hoarne]] hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan [[East-Fryslân]] de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.
 
In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, dêr’t de woartels fan gauris yn it [[Aldfrysk]] leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.
Rigel 10:
 
[[Kategory:Fryslân]]
[[Kategory:Kartografy]]