Ambrogio Spinola: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl;
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 sep 2011 om 18.57

Ambrogio Spinola, Marqués de los Balbases, (Genua, 1569 - Castelnuovo Scrivia, 25 septimber 1630) wie in militêr strateech fan oansjen. Spinola trede yn 1598 yn militêre tsjinst. Hy waard yn 1601 troch de Spaanske kening Filips III nei de Nederlannen stjoerd om de aartshartoch Albrecht fan Eastenryk militêr by te stean, dy't it jier dêrfoar de Slach by Nijpoart ferlern hie.

Ambrogio Spinolaskildere troch Michiel Jansz van Mierevelt yn 1609

Spinola stamme út in ferneamd Italjaansk laach. Ien fan syn foarâlden soe by de Earste Krústocht in toarne fan de toarnekroan fan Jezus fûn hawwe, oan dizze legindetanke de famylje har namme (spinula betsjut 'toarne'). Spinola hearde ta de Oarder fan it Goudene Flues.