Albert van der Heide (politikus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
 
Van der Heide waard faak frege him kandidaat te stellen foar in ferkiesbere SDAP-funksje, mar hy keas derfoar om predikant te bliuwen yn ferskate lytse en earme gemeentes yn Fryslân. Pas yn 1925 liet hy him oerhelje, en fan dat jier oant 1937 wie hy lid fan de Twadde Keamer. Hy sette him ta wenjen yn [[Voorburg (Súd-Hollân)|Voorburg]] en sette him polityk yn foar it troch de ekonomyske krisis troffen Drinte, foar it [[finzenis]]wêzen en de drankbestriding. Hy wie sterk belutsen by de finzenen yn de Scheveningske [[Penitinsjêre Ynrjochting Haaglannen|finzenis]] en waard er ek [[regint (bestjoerder)|regint]]. Yn 1936 sette hy him yn foar de falsk fan homoseksueel kontakt mei in minderjierrige beskuldige [[tesaurier-generaal]] fan it [[Ministearje fan Finansjen]] [[L.A. Ries]], mei wa't hy befreone rekke.<ref>'Wij van het verloren ras'. Briefwikseling tusken mr L.A. Ries en mr H.J. Bouman. Eigen behear, 2009</ref> Net allinnich foel hy de ministers fan Finansjen en Justysje dêroer oan, ek die hy de saak-Ries út de doeken yn in tsjokke brosjuere, ''De zaak tegen Mr. L. A. Ries, thesaurier-generaal bij het Departement van Financiën. Eenige beschouwingen en kritische opmerkingen'' (1936, trije printingen).
 
{{wurk}}
Yn 1944 ferstoar Van der Heides jongste dochter Hermien oan gefolgen fan oarlogshannelingen. Dêrtroch psychysk brutsen brocht hy syn lêste jierren troch yn de ynrjochting [[Ald Rozenburg]] yn [[Loosduinen]].
 
Yn 2011 promovearre Anne-Marie de Harder op in biografy oer Albert van der Heide. <ref>Anne-Marie de Harder, ''Albertinus van der Heide (1872-1953). Rode dominee tussen pastoraat en parlement''. Kampen, Kok, 2011</ref>
{{Boarnen|boarnefernijing=
</references/>
}}
{{DEFAULTSORT:Heide, Albert Van Der}}