Wilwolt fan Schaumberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
restant ynfo
L red.
Rigel 1:
'''Wilwolt fan Schaumberch''' (* [[1446]] - † [[20 april]] [[1510]] wie in Dútsk militêre lieder. De militêre suksessen dy't hy oer ede Friezen behelle yn de maaityd en hjerst fan [[1498]] leinen it fûndemint foar it Saksyske bewâld fan [[Albrecht fan Saksen]] en lûdelette de ein yn fan de [[Fryske frijheid]] yn.
 
== Skiednis ==
Wiltwolt wie ôfkomstich út in leech aadlik laach, de [[Schaumberch (eallju)|Schaumberch]]s, dy't fan [[Türingen]] kamen en dat wiidfersprakele wie. Om yn syn libbensûnderhâld te foarsjen waard hy beropsmilitêr.
 
Yn [[1475]] wurde troch Wiltwolt militêre kampanjes útfierd yn tsjinst fan [[Karel de Stoute]]. Dat jier stjert ek syn heit. Fan [[1480]] ôf tsjinne hy yn [[Brandenboarch]] en beselskippe de greve fan Henneberch op syn reis nei [[Rome (stêd)|Rome]]. De greven fan Henneberch belienden Wiltwolt mei de stêd [[Ilmenau]] (tusken 1476-1498).
 
Yn 1484 hat er meidien oan it Fjouwerlannen toernooi fan Stuttgart en yn 1487 wurdt er kommandant by [[Albrecht fan Saksen]]. De hartoch wurdt troch de Dútske keizer ynhierd om de Hongaarske kening [[Matthias Corvinus]] te bestriden, dy't grutte parten fan Eastenryk beset hâldenhâlde. Wilwolt fiert de troepen oan fan Albrecht oan.
 
AsAt Albrecht Fryslân ûnderhearrich meitsje wol stjoerd er Wilwolt dêrhinne. Yn trije gefjochten wurde de Friezen troch him ferslein, yn april [[1498]] op wei nei [[Grins (stêd)|Grins]], op [[10 juny]] yn de [[slach by Laaksum]] en yn de moannen septimber en oktober by it [[belis fan Ljouwert]].
 
Schaumberch liet yn en bûten Fryslân [[blokhûs|blokhuzen]] bouwe. Yn [[1500]] holp er om [[Hindrik fan Saksen]] te befrijen út [[Frjentsjer]]. Ien fan syn oanfierders wie [[Nittert Foks]], ek wol: Nittert Fuchs.
 
Nei in libbenlang soldaat west te hawwehawwen hâldt Wilwolt dêr yn 1500 dêrmeimei op en festiget him op syn famyljeslot dêr't er syn lêste jierren trochbringt.