Dekemastate (Jelsum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Stavering
L Earste stik Dekemastate.
Rigel 2:
 
De lêste familje dy't Dekemastate bewenne hat is de familje van Wageningen, fan [[1791]] oant [[1996]]. Yn harren tiid, yn [[1814]], is de boppeferdjipping fan de stins ôfhelle, dat it gebou hat in wat lânhûseftich oansjen krigen.
 
==De Cam(p)stra's==
 
Der wurdt wol tocht dat de Cam(p)stra's oarspronklik út [[Weidum]] komme. Letter fine wy se ek yn [[Wurdum]] en [[Jelsum]]. De Camstra's wienen foaroansteande Skieringers. Boppedat hienen se besit yn de klokslach fan [[Ljouwert]]. Mar yn de stêd hienen se neat te sizzen. Boppedat stie Ljouwert oan de kant fan de Fetkeapers. As kriichshearen hawwe de Campstra's der alles oan dien om de macht yn Ljouwert oer te nimmen. Bekend is dat Rienk Camstra yn 1498 op Goed Freed in oanfal op Ljouwert dien hat. Dêr hat er tige húsholden.
 
== Sjoch ek ==