Saksetiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf fan :nl
fw
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
Yn de [[14e ieu|14e]] en [[15e ieu]] wie [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]] te proai fallen oan [[partijstriid|partijtwisten]] tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]]. Op de ein fan de 15e ieu like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soenen mei stipe fan [[Grins (stêd)|Grins]]. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe in [[potestaat]] [[Juw Dekama]] dy't lykwols op eigen krêft Fryslân net ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft [[Albrecht fan Saksen]] it bestjoer oer te nimmen. In Skieringer ôffurdiging reizget nei [[Medemblik]], dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan [[Westergoa]] yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it [[Hillige Roomske Ryk|it Ryk]] beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it [[Ferdrach fan Snits]] op 30 april 1498<ref name="Frieswijk">{{aut|Johan Frieswijk}} e.a., [http://books.google.nl/books?id=r_EU2Q4mDHAC&printsec=frontcover&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false ''Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998'' (Hilfersom 1999) 90]. Uitgeverij Verloren.</ref>.
 
Troch Albrecht waard foar koarte tiid de rust yn Fryslân werstelle, hy frege dêr lykwols in hege priis foar. De keizer, [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan]], stie foar grutte bedragen by Albrecht yn it kriit. Om syn ferplichtingen foldwaan te kinnen beneamde hy Albrecht as ''erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk'' oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)<ref name="Frieswijk 92">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 92</ref>. Letter waarden hjir noch East-Fryslân, de stêd Grins en Butjadingen oan tafoege (27 maart 1499)<ref name="Frieswijk 93">Frieswijk e.a., ''Fryslân'', 93</ref>.