Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Yn de [[4e ieu]] waarden de Sueben troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it beheljen fan de oerwinning yn de [[Slach by Mainz]], it [[Romeinske Ryk]] binnen. Tegearre mei de [[Fandalen]] lutsen sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kamen dêr oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]], tsjintwurdich de Spaanske regio [[Galysje]]. Dêr gongen de Sueben foar in grut part oer op it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwen.
 
Under kening [[Rechila]] ([[438]]-[[448]]) koenen de Sueben harren ryk útwreidzje mei [[Baetica]] en [[Sevilla (stêd)|Sevilla]]. Sy fersloegen dêrby de lêste Romeinske legers en doe't de Fandalen nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] ta lutsen, wienen sy in skoft oermachtich. Dat hichtepunt duorre mar koart, want de opfolger fan Rechila, syn soan [[Rechiar]], waard yn [[456]] ferslein troch de [[Fisigoaten]] ûnder lieding fan [[Diderik II]] yn de [[Slach oan de UrbicusUrbikus]]. Dêrnei waarden de Sueben in skoft bestjoerd troch harren oerwinners.
 
Al gau slagge it de Sueben harren ûnôfhinklikheid werom te krijen. Sy waarden wer troch harren eigen keningen bestjoerd mar moasten wol in grut part fan Spanje ôfstean oan de Fisigoaten. Se bleaunen ûnder Fisigoatyske ynfloed stean. Yn [[465]] gongen de Sueben allegear oer nei it [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] leauwen.