Grytman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
red
Rigel 2:
 
==Oarsprong==
Troch de greven wie de funksje fan [[Skelta]] (''Skout'') yntrodusearre. Doe healwei de [[12e ieu]] yn Fryslân it [[greve|greeflik]] gesach begûn ôf te takeljen en stadich oan it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] ûntstie kaamferdwûn ek de funksjeskelta fanút Fryslân. Dêrfoar yn it plak kaam de grytman opsetten. Yn [[Grinslân|Easterlauwersk Fryslân]] waarden dizze persoanen mei "redjeva" oantsjutten.
 
Oarspronklik hâlde er him foaral dwaande my de rjochtspraak. Oars as foarhinne de [[skout]]skelta en [[asega]] hie er beide funksjes yn him, mei dit ferskil dat er net troch in ''Hear'' keazen waard mar troch it ''Folk''. Lykwols hie allinnich de eigeners of brûkers fan [[pleats]]en fan in beskate omfang stimrjocht. De grytman hie dan ek in soad [[stimhawwende pleats]]en. Yn de rin fan de tiid waard de grytman ornaris keazen út de groep fan [[Haadling]]en, mar fan de [[Saksentiid]] ôf waarden de grytmannen om bar keazen of oanwiisd, troch gearwurking fan de [[steedhâlder]]s en [[Deputearre Steaten]].
 
De grytman beneamde tadiene boeren as [[bysitter]]s, dy't fan gewicht wiene by de rjochtspraak en de grytman assistearren by it bestjoer. Offisjeel wie de beneaming foar ien jier, mar yn de praktyk bytiden tritich jier of oant de dea.