Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L fiel jo frij en help mei! |
No edit summary |
||
Rigel 16:
Yn it doetiidske East-Fryslân besocht it geslacht [[tom Broke]] in lânseigen dynasty te festigjen en yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan [[Hollân]] harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] woe syn macht hieltyd fierder útwreidzje. Dêrneist wie der ek noch yn ynterne striid tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]].
Ukena wie yn 't foarste plak legeroanfierder fan [[Keno_tom_Broke|Keno tom Broke]]. Yn dy rol oermastere hy yn 1415 de stêd [[Grins]] op de Skieringers en werstelde de macht fan de Fetkeapers. By [[slach by Noardhorn|Noardhorn]] fersloech hy yn [[1417]] [[Sicka Sjaerda]] en besette yn [[1418]] [[Dokkum]]. Nei it werom feroverjen fan Dokkum troch de [[Skieringers]] sette hy by [[Hylpen]] oan lân en wûn de [[Slach oan de Palesleat]] tsjin de Skieringers. Hy naam [[Starum]] yn en belegere [[Sleat]], mar waard troch de troepen fan [[Jan fan Beieren]], de greve fan Hollân, ta wiken twongen yn 1420.<ref>[http://www.bertsgeschiedenissite.nl/middeleeuwen/eeuw15/schieringers_vertkopers.htm bertsgeschiedenissite.nl] oer de Skieringers en Fetkeapers</ref> Ukena ûndertekene op [[1 febrewaris]] [[1422]] as earste de [[
De rol fan [[Ocko II tom Brok|Okko tom Broke]], de soan en opfolger fan Keno as Fryske hearsker, is dan útspile mar al gau komt der in nij ferbûn fan 'e grûn mei ferskillende haadlingen ûnder lieding fan it hûs [[Sirksena]] fan Greetsyl. Yn de striid mei it [[Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen]] moat Ukena yn de [[Slach by Bargebur|Slach by Bargeboer]] belies jaan en lûkt him dêrnei werom nei de boarch [[Dykhuzen]] by [[Appingedam]]. Dêr stjert hy yn [[1435]].
|