Crackstate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling nl:
Rigel 3:
'''Crackstate''' waard oprjochte troch [[grytman]] [[Hyppolytus Roelofs Crack]] yn [[1608]].
 
Yn likernôch [[1648]] hat [[Johannes Sytzes Crack]],[[grytman]] van [[Aengwirden]] in nij hûs delsette litten, mar it is al sa dat parten fan it âlde gebou dêrby opnaam binnenyn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange barokke styl fan [[Fryslân]]. De ûntwerper, [[Willem de Keyser]]. hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.
 
Om it gebou rint in grêft. De brêge oer de grêft om de stins komt, lykas oanjûn op de ynmitsele stien, út [[1755]]. De poarte foar de brêge komt út de buert fan [[Hoarn]] en hat as jiertal [[1819]].
 
It pân waard yn [[1833]] ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in ieu hat it in [[rjochtbank|""Rjochtbank fan earste oanlis"]] en in "Hûs fan Arrest" (finzenis) west. Doe't de rjochtbank yn 1923 opheft waard, bleau de kantonrjochter (de eartiidske Frederjochter) yn Crackstate sitting hâlde. Yn de Twade Wrâldoarloch oefene de besetter in wier skrikbewâld út yn de finzenis. Mear as sechtich Nederlanners oerlibben har ferbliuw yn de finzenis net. De gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] hat it gebou sûnt [[1949]] yn besit en brûkt it sûnt [[1952]] as gemeentehûs. Yn [[1993]] hat Crackstate in ferbining krigen mei it nijboude gemeentehûs oan de [[K.R. Poststrjitte]]. De [[trouseal]] sit yn it âlde pân.
 
Crackstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard. In [[1962]] wurdt der in klokkespul fan 37 klokken yn hongen, dy't yn [[1985]] revisearre wurdt en útwreide mei twa klokken.
 
 
Yn 1962 kaam der in klokkespul mei 37 klokken yn de koepel. Yn 1985 is it kariljon revisearre en binne de santjin klokken ferfongen. De Stichting Crackstate beheart it carillon dat mei de hân en meganisysk bespile wurde kin. Crakstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard.
== Sjoch ek ==
* [[States en Stinzen]]