Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
 
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan Snits}}
=== Untstean ===
Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten ''[[Magna Fossa]]'', ''Grut Kanaal'', neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de [[Himpolders|Himpolder]] Skerhim krúst. De farwei nei it noarden ([[Geau (Drylst)|Geau]], [[Snitser Aldfeart]]) wie needsaaklik wurden omdat de [[Middelsee]] troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde [[himdyk]] komt Snits oan de westkante binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes. Dan is er part fan de Marktstrjitte en ferfolget er syn wei as Piperstrjitte en Nauwe en Wide Burgstrjitten, en is dêrnei de basis fan de drokke winkelstrjitte de Easterdyk. Hy giet fierder as de Ljouwerter Dyk, om op't lêst as [[Griene Dyk]], de polderdyk fan de Raerderhim, Snits te ferlitten.