Amicitia Teater: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L [[]]
Rigel 5:
De skiednis fan it teater giet werom oant [[1815]]. Yn dit jier wurdt de ''Sociëteit Amicitia'' oprjochte. De soasjeteit hâlde hûs yn in [[18e ieu]]sk pân oan de [[Liuwenburch (Snits)|Liuwenburch]] 12. It pân soe al gau útwreide wurde mei in konsertseal. Ek waarden twa neistlizzende gebouwen by it gebou lutsen, wêrtroch't in grut gebou ûntstie.
 
Yn [[1923]] waard yn opdracht fan de eigener fan de ''NV Nederlandse Bioscoop Onderneming'', [[Swier Miedema]], in ferbouwing begûn dy't it pân omfoarmje moast ta teater anneks [[bioskoop]]. De gevel fan it pân waard nei de styl fan de [[Amsterdamske Skoalle (bouwstyl)|Amsterdamske Skoalle]] weroprjochte. Yn [[1933]] wurdt ek it pân fan Liuwenburch 14 by it kompleks foege. Arsjitekten wienen [[A. Goodijk]] en [[J. Otten]].<ref>[http://friesscheepvaartmuseum.nl/fsm:col1:dat9711 Frysk Skipfeartmuseum: C-056]</ref>
 
De sealen yn it destiidske teater wienen multyfunksjoneel en it bioskoopdoek koe weihelle wurde om romte te meitsjen foar in grut poadium. De grutte seal fan it teater droech de namme ''Waterpoarteseal''. Yn [[1976]] wurdt [[drogisterij]] ''De Wijde Gaper'' oankocht en by it pân lutsen, de bysûndere gevel wurdt ek trochlutsen. Op dat moment krijt it gebou har hjoeddeiske foarm.