Hollânsk Djip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl:
L red.
Rigel 4:
 
De [[Amer (rivier)|Amer]] en de [[Nije Merwede]] komme by inoar by Lage Zwaluwe en foarmje dêr it Hollânsk Djip. De [[Doardtske Kil]] hat by [[Moerdyk]] in ferbinding mei dat wetter.
Under [[Numansdoarp]] spjalt it Hollânsk Djip him yn it [[Haringvliet (see-earm)|HaringvlietHjerringflyt]] en it [[Volkerak]].
 
Oan de eastkant fan it Hollânsk Djip binne de [[Moerdykbrêgen]] en de brêge dy't it [[Eilân fan Dordrecht]] mei Noard-Brabân ferbynt. Der binne trije brêgen by Moerdyk: ien foar auto's, bromfytsers en fytsers, in [[spoarbrêge]] foar it ''gewoane'' treinferkear, en in spoarbrêge foar de [[Hegesnelheidsline Skiphol - Antwerpen|HSL-Súd]].
 
It Hollands Diep hjitte yn it ferline ''Wijvekeen''. De [[stoarmfloed fan 1216]] sloech by [[Voorne]] in gat yn de dunen en sa ûntstie it ''Haringvliet'' (namme sûnt 1315). Om 1250 hinne berikte it wetter de [[Striene]] en steamde fierder Brabân yn.
 
[[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Prins Johan Willem Friso]] fersûpte op [[14 july]] [[1711]], by it oerstekken fan [[Moerdyk]] nei [[Strijensas]], yn it Hollânsk Djip.