Charles de Gaulle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: gd:Charles de Gaulle
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
 
=== De Earste Wrâldkriich ===
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] tsjinne De Gaulle yn it leger as [[luitenant]] oant syn finzenskip yn [[1916]]. Hy siet mear as twa jier yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de oarloch gie hy by de [[tank]]troepen fan de [[ynfantery]] wêrdêr't hy al gau de reputaasje krige fan in foarútstribjende taktikus. Hy woe graach mear pânserdivyzjes hawwe om faasje en fjoerkrêft te fergrutsjen. Yn [[1934]] miende er dat der in fredesleger komme moast om in eventuele ferrassingsoanfal fan de Dútsers ôf te slaan. Yn Frankryk waard net echt nei him lústere. Der waard tocht dat it better wie om in goede ferdigeningsliny te bouwen en dêr wie de [[Maginot liny]] it resultaat fan. Nei de oarloch hat De Gaulle sein dat er de [[Blitzkrieg]] foarsein hie.
 
Ut de briefwikselingen blykt ûnder mear dat er net safolle op hie mei de [[Parlemintêre Demokrasy|parlemintêre demokrasy]] en einliks mear seach yn in [[Monargy|monarchaal]] rezjym.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===