Ferskil tusken ferzjes fan "Charles de Gaulle"

 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] krige hy tidens [[Fall Gelb]] op [[15 maaie]] [[1940]] it befel oer in profisoaryske pânserdivyzje, de 4e ''Division Cuirassée de Réserve'', wêrmeidêr't hyer eins sûnder effekt mei tsjin de Dútske ynfallers fjochte dy’t om de Maginotliny hinne kamen.
Nei de oarloch is faak sein dat hy no krekt as ienige generaal yn dy wiken noch wat súksessen tsjin de Dútsers boekte. Flak foar de totale ynienstoarting is hy noch befoardere ta brigadegeneraal. Hy krige op [[6 juny]] de post fan ûnderminister foar definsje yn it kabinet fan [[Paul Reynaud]]. Doe't maarskalk [[Philippe Pétain]] yn juny 1940 in wapenstilstân slute woe mei de Dútsers, stapte De Gaulle yn in Brits fleantúch en gie nei [[Londen]] ta. Fia de [[BBC]] kundige er oan dat hy foar Frankryk de striid tsjin Dútslân fuortsette soe. It [[Vichy-rezjym]] feroardielde him ta de dea fanwege dessertsje.
 
De Gaulle organisearre nei syn flecht de [[Frije Frânske striidkrêften]]. It slagge him om guon Frânske koloanjes oan syn kant te bringen. Hy krige ek it bestjoer yn [[Syrje]] en [[Libanon]] yn hannen doe't de Britten dizzedy Frânske mandaatgebieten op Vichy-troepen oermasteren. DitDat barde net sûnder muoite, want De Gaulle besocht de weardichheid fan Frankryk te ferdigenjen. Wylst de Britske premier [[Winston Churchill]] noch in seker respekt hie foar de Frânske generaal, mistrouden de [[Feriene Steaten]] him. Doe't de Amerikaanske en Britske legers yn novimber 1942 Frânske gebieten yn Noard-Afrika binnenfoelen joegen de Amerikanen it bestjoer net oan de Frije Frânsken, mar wol oan in oare Frânske generaal, [[Henri Giraud]]. Lykwols waard De Gaulle goed stipe, ek yn beset Frankryk. Yn juny 1943 kamen de Amerikanen mei in kompromis. De Gaulle en Giraus waarden tegearre ko-foarsitters fan in Frânsk komitee fan nasjonale befrijing yn [[Algiers]], mar nei inkele moannen wist De Gaulle Giraud oan de kant te skowen en yn juny 1944 foarme hy in regear fan de Frânske republyk mei himsels as foarsitter. De Amerikanen wienen net fan doel om De Gaulle by de lanninglâning yn [[Normandje]] te belûken. Ek woenen se net dat hy Frankryk bestjoere soe. Mar it hiele binnenlânske ferset stie as ien man efter De Gaulle. Hy waard oeral tajubele as hy troch Frankryk ried en op [[26 augustus]] fêstigen hy en syn regearing harren yn [[Parys]]. De Alliearden moasten syn regear wol erkenne. Oant de ein fan de kriich hie hy spul mei de Amerikanen. De generaal woe altyd dat Frankryk as in grutte mogendheid behannele wurde soe en hy wegere somtiden om befellen fan it alliearde oerbefel op te folgjen.
 
=== Nei de kriich ===
10.424

bewurkings