Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Turf - Verwijzing(en) gewijzigd naar turf (brânstof)
red, opmaak
Rigel 1:
'''Piter (fan) Dekema''' [[Weidum]] ? – [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[1568]], bestjoerder, jurist en ferfeaner.
 
==Skiednis ==
Fan de jonge jierren fan Piter Dekema is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as [[grytman]] fan [[Baarderadiel]]. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[PhilipsFilips II fan Spanje|Filips II]]. Yn [[1524]] beleane Karel V troch him de titel fan [[ridder]] te jaan. <br>Piter Dekema wie troud mei [[Catharina van Loo]]. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.
Hy wie troud mei [[Catharina van Loo]]. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.
 
=== Riedshear fan it [[Hof fan Fryslân]] ===
Piter Dekema moat in kundich jurist west hawwe. Hy waard riedshear fan it Hof fan Fryslân. Om’t hy troch alles it [[Spanje|spaanske]] bewâld folge, hat ek in rol spile yn de prosessen tsjin har dy’t oars oer it leauwe tochten. Dat hat him fijannen oplevere.
 
==Folmacht==
Yn de Spaanske tiid hie it Hof fan Fryslân in politike funksje. De rjochters dienen ek it wurk fan de lettere [[Deputearre Steaten]]. Dat dienen se as folmacht. Piter Dekema hat him foaral dwaande holden mei wat wy no wettersteatssaken neame soenen. By [[Grou (doarp)|Grou]] hat er it [[Woltmansdjip]] grave litten. Fierders hat hy dwaande west mei de haven fan [[Teakesyl]].
 
=== Ferfeaner ===
Yn [[Hollân]] rekke de [[turf (brânstof)|turf]] op. Yn [[Fryslân]] wie de grutte ferfeaning eins noch net op gong kommen. It measte fean dat ôfgroeven waard, wie foar eigen gebrûk. Piter Dekema seach brea yn de ferfeanterij. Hy kocht al foar de oprjochting fan de kompanjy ferskate feangrûnen ûnder [[Hoarnstersweach]]. Mei [[Utert (stêd)|Utertske]] hearen [[Floris Foeyts|Foeyts]] en [[Johan van Cuyck|van Cuyck]] rjochte hy de [[Skoatterlânske Kompanjy]] op. Yn 1551 kocht de Kompanjy 8000 roeden wyldernis foar 22.400 Karolusgûnen, wêrfan Van Dekama en Foeyts elk 1/4 gedielte betellen, wylst Van Cuyck de helte foar syn rekken naam. Op 11 juny 1552 wie neamd bedrach opbrûkt en waard wer 10.000 Carolus gûnen stoarten, wêrfoar grûnen en ek pleatsen kocht waarden. As ynkeaper trede op [[Melchior de Grutte]], prior fan it kleaster fan Aldkoat.Dizze kompanjy wurdt no noch troch saakkundigen sjoen as modelûndernimming. Doe’t it fean ôfgroeven wie, is het plak [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] ûntstien.
 
Line 17 ⟶ 16:
Piter Dekema waard sa ien fan de rykste minsken yn Fryslân. Syn amten leveren him al gâns jild op en dêr kamen de ynkomsten út de ferfeanterij noch by.
 
==Syn= Dea ferstjerren== =
Yn [[1568]] is Piter Dekema ferstoarn. Hy waard begroeven yn de [[St. Vitus fan Aldehou]]. Syn frou Catharina van Loo is yn [[1572]] ferstoarn. Op harren grêf is in bysûnder moaie stien pleatst. Dy is letter weirekke, Doe’t it begraafplak sletten wie, waard dêr in skoalle boud. De stien is doe weromfûn. Der is besletten om de stien yn te mitseljen oan de súdkant fan de [[Aldehou (toer)|Aldehou]]. Dêr is dy no noch te besjen.