Groep Lever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
De '''Groep Lever''' wie in Nederlânske [[Fersetsbeweging|fersetsgroep]] yn de tiid fan de [[Twadde Wrâldoarloch]]. De fersetsgroep bestieútbestie út ûnder oaren:
* [[Hendrik Jakob Lever sr.]] (1891-1945)
* [[Jan Lever (fersetsstrider)|Jan Lever]] (1922-1944)
Rigel 9:
* [[Dick Brouwer (fersetsstrider)|Dick J. Brouwer]]
 
It haadkertier fan de groep wie yn it hûs fan de famylje Lever oan it [[Lytssân (Snits)|Lytssân]] yn [[Snits (stêd)|Snits]]. De Groep Lever ferspriede yn de oarloch yllegale blêden as [[Vrij Nederland]] en [[Trouw (krante)|Trouw]]. De groep holp ek [[joaden]] oan ûnderdûkadressen. Dizze joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân en flechten mei [[Beurtskipper|beurtskippen]] nei Fryslân. Tydlik wienen se dan by de famylje Lever, oant se in fêst skûladres fûn hienenhiene. De Groep Lever soarge boppedat foar de finansjen fan de ûnderdûkers.
 
Yn [[1942]] waard Hendrik Jakob Lever sr., tegearre mei syn soannen, arrestearre troch de besetter. Nei in moanne finzenisstrffinzenisstraf yn de Amsterdamske EuterpestrjiteEuterpestrjitte kamen se frij.
 
As direkteur fan de Radiosintrale reizge Jan Lever it heule lân troch en hold sa kontakt mei it ferset yn oare dielen fan Nederlân. Nei de [[april-maaiestaking]] waarden radio's ferbean. De Groep stifte de [[fersetskrante]] ''BBC-Nieuws'' om sa de minsken dochs fan nijs op de hichte te hâlden.
 
Yn de nacht fan [[16 novimber|16]] op [[17 novimber]] [[1943]] die de [[Sicherheitsdienst]] in ynfal yn it haadkertier an de Groep Lever. Inkele leden koenen ûntkomme oer de dakken fan oanswetendeoanswettende huzen. Hendrik Jakob Lever sr. en it Joadske famke [[Rosa IJzerman]], dy't ûnderdûkt siet by de famylje, waarden arresteardarrestearred. Se ferstoarnen yn in [[konsintraasjekamp]].
 
Jan Lever flechte nei [[Grinslân]], mar kaam by in fjoergefjocht nei in mislearre oerfal op in [[distribúsjekantoar]] om it libben. Syn broer Hendrik Jacob Lever jr. dûkte nei de oerfal yn it haadkertier ûnder by feehâlder [[Pieter Reitsma]] yn [[Leons]]. By in ynfal op de pleats waard hy tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoarnen foar it [[fjoerpeloton]] yn [[Kamp Vught]].
 
Op deit [[Algemiene Begraafplak Snits|Algemiene Begraafplak]] yn Snits is in [[Monumint Famylje Lever|monumint]] oprjochte foar de famylje Lever. Yn de [[Sudertsjerke (Snits)|Sudertsjerke]] en yn harren eardere wenhûs oan it Lytssân, no Ûnderdielûnderdiel fan it [[Frysk Skipfeart Museum|Frysk skipfeartmuseumSkipfeartmuseum]], hinget in herinneringsplakette. De [[Famylje Leverstrjitte]] is nei him ferneamd.
 
[[Kategory:Skiednis fan Snits]]