Groep Lever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
L kat.
Rigel 9:
* [[Dick Brouwer (fersetsstrider)|Dick J. Brouwer]]
 
It haadkertier fan de groep wie yn it hûs fan de famylje Lever oan it [[Lytssân (Snits)|Lytssân]] yn [[Snits (stêd)|Snits]]. De Groep Lever ferspriede yn de oarloch yllegale blêden as [[Vrij Nederland]] en [[Trouw (krante)|Trouw]]. De groep holp ek [[joaden]] oan ûnderdûkadressen. DizzeDy joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân en flechten mei [[Beurtskipper|beurtskippen]] nei Fryslân. Tydlik wienen se dan by de famylje Lever, oant se in fêst skûladres fûn hiene. De Groep Lever soarge boppedat foar de finansjen fan de ûnderdûkers.
 
Yn [[1942]] waard Hendrik Jakob Lever sr., tegearre mei syn soannen, arrestearre troch de besetter. Nei in moanne finzenisstraf yn de Amsterdamske Euterpestrjitte kamen se frij.
Rigel 19:
Jan Lever flechte nei [[Grinslân]], mar kaam by in fjoergefjocht nei in mislearre oerfal op in [[distribúsjekantoar]] om it libben. Syn broer Hendrik Jacob Lever jr. dûkte nei de oerfal yn it haadkertier ûnder by feehâlder [[Pieter Reitsma]] yn [[Leons]]. By in ynfal op de pleats waard hy tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoarnen foar it [[fjoerpeloton]] yn [[Kamp Vught]].
 
Op it [[AlgemieneAlgemien Begraafplak Snits|Algemiene Begraafplak]] yn Snits is in [[Monumint Famylje Lever|monumint]] oprjochte foar de famylje Lever. Yn de [[Sudertsjerke (Snits)|Sudertsjerke]] en yn harren eardere wenhûs oan it Lytssân, no ûnderdiel fan it [[Frysk Skipfeart Museum|Frysk Skipfeartmuseum]], hinget in herinneringsplakette. De [[Famylje Leverstrjitte]] is nei him ferneamd.
 
[[Kategory:Frysk ferset yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Skiednis fan Snits]]