Buttemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld
Rigel 1:
'''Buttemastate''' stiewie in state dy't oan de Efterwei 2 stie yn [[Moarre]], gemeente [[Dongeradiel]].
Fan it ûntstean fan de state dy't ek '''Bottema''', '''Botma''' (ek ''Bolta''?) neamd wurdt, is neat werom te finen. It stateterrein wurdt brûkt troch leanbedriuw J.K. Dijkstra.
[[Ofbyld:Buttemastate Moarre 1 20100424.jpg|thumb|''''It âlde steed fan Buttemastate'']]
 
Mei oare "hoeflingen byder oestersyde der Pasen" sleat Syds Buttema him yn [[1490]] oan by it Bûn mei Grins. In dochter fan him wie yn [[1511]] eigener fan it grutste diel fan Sybetsma steed yn Moarre. Gabbe Riptema, kommend fan Eanjum en wenjend yn Dokkum, wie grif mei in dochter fan Syds Buttema troud. Hy wie yn 1511 nammentlik eigener fan Buttemastate en waard ek Gabbe Ripten Botma neamd. Syn ûnderstelde neiteam, wêroer hjirûnder mear, besiet om 1550 Sybesma steed yn Moarre.
Gabbe Riptema hearde ta de lytse haadlingen. Ek syn neisieten sleaten aadlike houliken (mei Aesgema fan Baard, Bolta, Heemstra, Bootsma, Gratinga). Yn 1505 waard hy rekkene ta de edelen fan Dongeradiel. Yn ferskate doarpen yn Dongeradiel hie hy besittings. (Sjoch Riptema te Eanjum ). Yn syn testamint betocht hy syn susters en syn broer en - nei harren dea - de kleasters Sion en Gerkeskleaster, dêr't dyen yntrede wiene.