Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
 
== Namme ==
De namme fan Gysbert Japiks wurdt op in soad ferskate manearenwizen skreaun. Benammen de efternamme hat in soad ferskiningsfoarmen. Njonken ''Japiks'' komme ek Japicx en Japix foar. Ek de namme ''Jakobs'' wurdt wol brûkt. By de foarnamme giet it om de Nederlânske foarm Gijsbert en de Fryske namme Gysbert.
 
== Libben ==
Gysbert Japiks kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij. Syn heit, Jacob Gysberts, wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe 't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Japiks folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum (1625) en letter yn Boalsert (1637).<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref>
 
Yn 1640 ferskynde syn earseearste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
Japiks troud yn 1636 mei Sijke Salves Nicolai. Seis bern krigen hja, dy 't mei útsûndering fan de âldste soan, Salves, allegear op jonge leeftyd stoarn binne. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren iennichst oerbleaune soan, Salves, te ferstjerren.
 
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library te Oxford telâne. Sa generearre Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar it Frysk. Japiks kriget ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
Rigel 31:
== Betsjutting ==
[[Ofbyld:Boalsert - tinkstien Gysbert Japicx.jpg|thumb|170px|Tinkstien foar Gysbert Japiks op de Gysbert Japiksbrêge yn Boalsert.]]
Gysbert Japiks hat yn de [[Fryske literatuer]] gâns betsjutting krigen omdat hy op in heech nivo dichtwurken makke, yn in tiid dat it skreaune Frysk net folle brûktskreaun waard. Gysbert Japiks moat al by syn libben in sekere nasjonale en ynternasjonale bekendheid hân hawwe. Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]] en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
Mei troch [[Everwinus Wassenbergh]] fan de [[universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjerter universiteit]] kaam der om 1800 hinne mear omtinken foar it wurk fan Japiks. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de [[Romantyk]] yn de Fryske letterenliteratuerskiednis.<ref>[http://members.home.nl/ja.goris/fries.htm ''Neerlands Tweede Rijkstaal: het Fries] fan Drs. José Goris</ref>
 
It jier [[2003]], it fjouwerhûndertste jier nei't Gysbert Japiks berne wie, is troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it [[Nederlânsk]]. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.
Sûnt [[1947]] wurdt troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân de [[Gysbert Japicxpriis]] takend.
 
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).<ref>* {{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047</ref> Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks. By de Marinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne Beatrix ûntbleate waard.<ref>[http://www.youtube.com/watch?v=YD6_FgPwJI4 YouTube: Gysbert Japicxbeeld onthulling]</ref> Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert sit sûnt 1997 it Gysbert Japiks Museum (mei [[tekstwinkel]]).
It jier [[2003]], it fjouwerhûndertste jier nei't Gysbert Japiks berne wie, is troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it [[Nederlânsk]]. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.
 
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).<ref>* {{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047</ref> Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks. By de Marinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset. Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte yn Boalsert sit sûnt 1997 it Gysbert Japiks Museum (mei [[tekstwinkel]]).
 
Gysbert Japiks waard opnommen yn de [[Kanon fan de Fryske skiednis]].
 
== Keppeling om utens ==