Buttemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lizzing
tf's
Rigel 1:
'''Buttemastate''' wie in state dy't oan súdwest foet fan de terp (no Efterwei 2) stie yn [[Moarre]], gemeente [[Dongeradiel]]. Fan it ûntstean fan de state dy't ek '''Bottema''', '''Botma''' (ek ''Bolta''?) neamd wurdt, is neat werom te finen. It stateterrein wurdt yn distiid brûkt troch leanbedriuw J.K. Dijkstra.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Buttemastate Moarre 1 20100424.jpg|thumb|''''It âlde steed fan Buttemastate'']]
Line 7 ⟶ 8:
Nei alle gedachten hie Gabbe boppedat in dochter, Rents Bottema. Hja wie yn elk gefal syn erfgenamt, want yn har testaminten fan om 1550 liet har mearder goed nei dat yn 1511 eigendom fan Gabbe west hie, wêrûnder Riptema te Eanjum en it al neamde goed Buttema en Sybetsma yn Moarre. Rents troude earst mei Epe Doekes Aesgema, stoarn foar/yn 1528, dêrnei mei NN Bolta; út beide houliken hie se bern. Anna Epes Aesgema erfde om 1550 27 pûnsmiet lân yn Buttema, har healbroer Tjaert Bolta de rest fan "Buttema of Botema guet ende staeten metten steen boven eerde ende onder eerde, met die landen, eygendom ende heerlicheden daertoe behorende". Yndie treden dêrnei de Bolta's yn Moarre op as ynwenners mei oansjen. Mooglik is harren state Buttema bedoeld mei it troch Sibrandus Leo oanjûne adelshûs Bolta te Moarre. Yn 1580 wie Tjaert Bolta syn soan Gerlif administrateur fan de tsjerkefâdij fan Moarre. Omtrint 1585 wie de state eigendom fan Wyger Gabbes, gritenijfolmacht, dykgreve fan Eastdongeradiel en stamfaar fan in nije famylje Botma, fan rike eigenierden.
[[Ofbyld:Moarre, states Halma Schotanus 1718.png|thumb|Moarre mei states<br><small>Schotanus-Halmakaart 1718</small>]]
Syn soan Gabe Wijgers Botma wie oant syn dea yn 1643 eigener-bewenner. Hy wie troud mei Antje Sakes Boelema. Allinnich de trije soannen erfden grif mei elkoar Botmasate en de trije dochters krige oare besittings. De âldste soan Sake Gabes Botma, dy't trroudtroud wie mei Aukje Gerrits Roorda, bleau op de pleats wenjen. Doe't Hermanus Gabes Botma, sekretaris fan Drylts en notaris dêre, yn 1660 syn tredde part fan Botma-sathe ferkocht, waarden huzinge, skuorre, hôving, poarte, grêft en singels neamd. Fan de 'stoel en grafsteden in de kerck tot Morra' krije de keapers it oandiel fan trije grêven 'neffens de stoel' fan wilen 'de olde fiscaal' Bosman. Yn 1700 is Gerrit Sakes Botma eigener fan Botma Sate en de dêrby hearrende 124,5 pûnsmiet lân (rom 40 ha.) dêr't hy jierliks 46 floreen en 10 stuorren belesting betelje moast. Yn 1728 is Gerrit noch alltitenaltiten eigener en neist boer no ek '[[bysitter]]’ (wethâlder). Gerrit ferstoar yn 1735 en syn frou Jantje Nammes yn 1747. Widdo Botma-Nammes wie blikens har fraaie grêfsark yn de tsjerke yn 1747 op 91-jierige leeftiid ferstoarn en hie it oargel oan de tsjerke skonken. Nei 1748 rekket Botma yn frjemde hannen.
Yn 1832 is it eigendom fan Lieuwe Folkerts Sytsma, lânbouwer te Moarre.
 
Line 15 ⟶ 16:
* 1490 Syds Buttema
* 1511 Gabbe Riptema
* ? - 1550 Rents Bottema
* 1550 - ? Tjaert Bolta
* 1580 Gerlif Bolta