Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
 
== Libben ==
Gysbert Japiks kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij. Syn heit, Jacob Gysberts, wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe 't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Japiks folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum (1625) en letter yn Boalsert (1637).<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
Japiks troud yn 1636 mei Sijke Salves Nicolai. Seis bern krigen hja, dy 't mei útsûndering fan de âldste soan, Salves, allegear op jonge leeftyd stoarn binne. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren iennichst oerbleaune soan, Salves, te ferstjerren.
 
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library te Oxford telâne. Sa generearre Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar it Frysk. Japiks kriget ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
 
Gysbert Japiks troud yn 1636 meien Sijke Salves Nicolai. Seis bern krigen hjaseis bern, dy 't mei útsûndering fan de âldste soan, Salves, allegear op jonge leeftyd stoarn binne. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren iennichst oerbleaune soan, Salves, te ferstjerren.<ref>[http://depot.knaw.nl/8737/1/LG2003DeVondel0693_001.pdf Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek']</ref>
 
== Wurk ==
Rigel 37:
It jier 2003, it fjouwerhûndertste jier nei't Gysbert Japiks berne wie, is troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel wie ''"Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk"''. Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de ''Gysbert Japiks trilogy''. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer [[Pieter Terpstra]] by syn libben skreaun hat.
 
Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).<ref>* {{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047</ref> Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks. By de Marinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne BeatrixJuliana ûntbleate waard.<ref>[http://www.youtube.com/watch?v=YD6_FgPwJI4 YouTube: Gysbert Japicxbeeld onthulling]</ref> Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert sit sûnt 1997 it Gysbert Japiks Museum (mei [[tekstwinkel]]).
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.gysbertjapicx.nl Gysbert Japiks Museum]
*[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de kanon fan de Fryske skiednis]
*[http://www.camerata-trajectina.nl/display.php?l=nl&i=toelichtingen#japix Camerata trajectina sjongt lieten fan Gysbert Japiks]
*[http://www.ensafh.nl/?tag=japicx-gysbert Teksten fan Gysbert Japiks op ensafh.nl]