Fêreu-eilannen: ferskil tusken ferzjes

L
[[]], al wer neat te rêden
L (r2.7.1) (Bot - derby: an:Islas Feroe)
L ([[]], al wer neat te rêden)
 
[[Ofbyld:Tinganes.jpg|thumb|right|250px|''[[Tinganes]] yn [[Tórshavn]], sit fan it gûvernemint'']]
De '''Faeröer''' {{IPA|ˈfɛːrøər}} ([[Faeröersk]]: ''Føroyar'' {{IPA|ˈfœɹjaɹ}}; [[Deensk]]: ''Færøerne'' {{IPA|ˈfɛːʀøʔəʀnə}}) is in groep [[Eilân|eilannen]] yn de noardlike [[Atlantyske Oseaan]] tusken [[Skotlân]]-[[Noarwegen]]-[[Yslân]] yn. Meiïnoar binne de eilannen in autonoom gebiet yn it [[Denemark|Keninkryk Denemark]]. Der wenje 48.668 minsken (2008), de haadstêd is [[Tórshavn]]. It [[Faeröersk]] is in taal dy't besibbe is oan it Yslânsk.
 
De Faeröer binne fan de [[9e ieu|9e ieu n.Kr.]] ôf foaral út [[Noarwegen]] wei bewenne rekke. Yn de [[11e ieu]] kamen de eilannen oan de Noarske kening. Doe't Noarwegen sels in part fan Denemark waard, kamen de Faeröer ek ûnder de Deenske kroan. Dat is sa bleaun, ek nei't Noarwegen earst [[Sweden|Sweedsk]] en letter selstannich waard. Yn [[1948]] krigen de eilannen fierdgeandfierhinne selsbestjoer. De Faeröer hearre net ta de [[Europeeske Uny]].
 
Der binne seekaarten út de [[16e ieu|16e]]- en [[17e ieu]] mei de Faeröer as ien grut eilân mei de namme ''[[Frislân]]'', der is noch gjin ferbân lizze kind mei de namme Fryslân.
 
== Geografy ==
De heechste [[berch]] fan de eilannegroep is Slættaratindur mei 882 meter. Der binne 18 eilannen wêrfandêr't 17 fan bewenne binne. It grutste eilân, Streymoy, is mei in brêge ferbûn mei it twadgrutste eilân, Eysturoy.
 
De 17 bewenne eilannen:
 
{|
|- valign=top
 
== Demografy ==
Der wenje likernôch 48.000 minsken op de ûnderskate eilannen. De measte minsken, sa'n 92 persint, komme fan de Faeröer, oare groepen binne Denen, Yslanners en Grienlanners. Noaren en Poalen binne echte mindertallen op it eilân. Sa'n 44.000 minsken op de eilannen prate it [[Faeröersk]], de twadde grutte taal is it [[Deensk]].
 
[[Kategory:Denemark]]