Ferskil tusken ferzjes fan "Jakob Ammann"

gjin bewurkingsgearfetting
 
== De lear fan Amman ==
Amman wie it net iens mei de lear fan de menisten yn it 17e ieuske Switserlân. Yn 1693 gong hy yn it Switserske Emmental by ferskate doperske mienskippen del. Dêr fertelde hy de menisten dat se twa kear yn 't jier [[kommuny]] dwaan moasten ynstee fan ien kear. Hy wie ek fan betinken dat kristenen elkoars fuotten waskje moasten by de kommuny, as teken fan hearrigens nei Kristus ta. Amman woe de suvere lear en spirituele dissipline werom hawwe. It trimmen fan it burd waard troch him ferbean en ek it dragen fan nijmoadrige klean mocht net. Amman woe gjin kontakt tusken ekskommunisearre mienskipsleden (dy't bûten de tsjerke set binne) en oare leden.
 
De suggestjes fan Amman laten ta in skieding tusken syn folgers en oare menisten yn de Elsas en Switserlân. De folgers fan Amman wurde [[Amish]] neamd.