Jakob Ammann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jakob Ammann.jpg|thumb|180px|Jakob Ammann]]
'''Jakob Ammann''' (1656–1730± [[1656]]–[[1730]]) wie in [[predikant]] fan de [[menisten]] yn [[Switserlân]].
 
== Libben ==
Jakob Amman waard berne om 1656 hinne yn it plak [[Erlenbach im Simmental]] yn Switserlân. Syn krekte bertejier is net bekend. Yn 1696 wenne hy yn de regio Sainte-Marie-aux-Mines yn de [[Elsas]]. Syn namme is weromfûn op in list út 1708 dy't tekene wurde moast troch alle menisten yn de Elsas.
 
== De lear fan Amman ==
Amman wie it net iens mei de lear fan de menisten yn it 17e ieuske Switserlân. Yn 1693 gong hy yn it Switserske [[Emmental]] by ferskate doperske mienskippen del. Dêr fertelde hy de menisten dat se twa kear yn 't jier [[kommuny]] dwaan moasten ynstee fan ien kear. Hy wie ek fan betinken dat kristenen elkoars fuotten waskje moasten by de kommuny, as teken fan hearrigens neioan Kristus ta. Amman woe de suvere lear en spirituele dissipline werom hawwe. It trimmen fan it burd waard troch him ferbean en ek it dragen fan nijmoadrige klean mocht net. Amman woe gjin kontakt tusken [[Ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] mienskipsleden (dy't bûten de tsjerke set binne) en oare leden.
 
De suggestjes fan Amman laten ta in skieding tusken syn folgers en oare menisten yn de Elsas en Switserlân. De folgers fan Amman wurde [[Amish]] neamd.