Honkbal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
*By it slaan de bal trije kear net rekke is.
*As in spiler úttikt wurdt wylst er net op in base stiet.
*As de bal earder op in base is as de spiler fan de slachpartij. Dat jildt allinnich as de spiler fan de slachpartij twongen is om nei in oare base ta te gean. Is de spiler dêr net ta twongen wurdt, kin er besykje om nei in eardere base werom te draven, mar dan moat er dêr wol stean foar't de bal der is.
 
Tusken de ''pitcher'' (balgoaier) en de ''catcher'' (balheiner) stiet de spiler fan de slachpartij dy't trije kânsen hat om de bal sa fier mooglik it fjild yn te slaan. De pitcher en de catcher binne fan de ferdigenjende partij. De pitcher sil besykje de bal troch de catcher heine te litten, sûnder dat de bal dus slein wurdt troch de spiler fan de slachpartij. Dêrby jildt de regel foar de pitcher dat hy op in bepaalde hichte goaie moat, tusken knibbels en earmtakke fan de spiler fan de slachpartij. De spiler fan de slachpartij stiet dan op de home plate, wat syn begjinpunt is. As de spiler fan de slachpartij slein hat komt er nei syn trije stânplakken wer werom op de home plate. As hy mar ien slach nedich hat om oer alle trije stânplakken werom te kommen op de home plate, dan hat dy spiler in homerun helle.