Kristoffel Bearend fan Galen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: pt:Bernardo de Galeno
+wapen
Rigel 1:
[[Ofbyld:Christoph_Bernhard_von_Galen_1670.jpg|thumb|Bearend fan Galen]]
 
'''Kristoffel Bearend fan Galen''' ([[Dútsk]]: ''Christoph Bernhard Freiherr von Galen'') ([[Drensteinfurt]], [[12 oktober]] [[1606]] – [[Ahaus]], [[19 septimber]] [[1678]]), [[biskop]] fan [[Bisdom Münster|Münster]], wie in [[Dútslân|Dúts]] kriichshear dy't twarres de Nederlannen binnenfoel. Von Galen wie in [[absolute monargy|absolutistysk]] foarst, dy't de macht fan de [[Gilde|gilden]] en fan de stêd [[Münster (stêd)|Münster]], dat oansluting socht by de [[Hanzesteden]] beheinde. It slagge Von Galen de Sweedske, Hessyske en Hollânske besetting it lân út te krijen.
 
== Biskop fan Munster ==
[[Ofbyld:Christoph_Bernhard_von_Galen_wapen.svg|thumb|99px|Wapen Bearend fan Galen]]
Bearend wie de opfolger fan [[Ferdinand fan Beieren|Ferdinand I fan Beieren]] en waard yn [[1650]] biskop fan Münster. Hy besocht fan dat gebiet in moderne [[absolutisme|absolutistyske]] [[steat]] te meitsjen en daliks it [[protestantisme]] werom te kringen troch in proses fan [[kontrareformaasje]]. Hjirtroch foarme hy in bedriging foar it [[kalvinisme|kalvinistyske]] [[Greefskip Bentheim]] dat feitlik in [[protektoraat]] wie fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Riedspinsjonaris [[Johan de Witt]] stipe dêrom yn [[1657]] in besykjen fan de stêd [[Münster (stêd)|Münster]] om harren tradysjonele frijheden mei wapengeweld te behâlden. Dat mislearre lykwols en it makke de biskop ta ferklearre fijân fan de Republyk dêr't syn machtsgebiet oan grinze fan de [[Achterhoek]] oant de [[Dollard]]. In diel fan it gebiet fan de Republyk, benammen de [[Ommelannen]] yn de hjoeddeiske provinsje [[Grinslân]] en in stikje fan [[Fryslân]], hearde yn tsjinstelling ta de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] oarspronklik ta it [[Prinsbisdom Münster]].