Woast lân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Woast lân''' of '''woeste grûn''' wie fan de [[19e ieu]] oan [[1970]] de beneaming foar lân dat foar wyld lizze litten waard en gjin direkt nut hie, lykas [[Heide (fegetaasje)|heide]], [[fean]] en [[sompe|sompen]]. It [[CBS]] beflapte ek de krekt droechfallen grûn dêrby. Hja moatte ek betinke dat se foar de lânbou oant de ein fan de [[19e ieu]] (foar it gebrûk fan [[guano]] en de útfining fan [[keunstdong]]) wol fan grut nut wienen. Woast lân levere struisel en [[seadde|seadden]] dy't mongen waard mei de stront fan bisten en op it lân brocht waard as grûnferbettering en dong. Dêrneist wiene dêr [[Huning|bijekasten]], [[Turf (brânstof)|turf]] foar brânstof en hja lieten dêr de kij en de skiep weidzje. [[Hessewei|Hessewegen]] rûnen meast oer woeste grûn. Foar 1900 wie dizze grûn mienskiplik. Yn de rin fan de 19e ieu wurdt it fan de gemeente.
 
Nei de [[Frânske tiid|Frânske oerhearsking]] is it lân beroaid. Yn de grutte stêden libbet de helte fan de ynwenners ûnder de earmoedgrins. Yn 1818 waard de [[Maatskippij fan Woldiedichheid]] oprochte om earmoedige húshâldings in bestean op te bouwen as boer. Se kochten woeste grûn oan sadat de earmen dizze ûntginne koenen.