Aebingahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Bernd (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 5:
Yn [[1565]] is Goffe fan Aebinga eigener en keapet yn dat jier foar F 609, - it ruïneuze prebendehûs dat oan de westkant fan Aebingahûs stiet. Om al yn 1565 "ruïneus" wêze te kinnen moatte it oarspronklike hûs dêr al in skoft stien hawwe in moat it hûs dus fan foar 1500 wêze. Goffe fan Aebinga hearde mei ûnder mear [[Doeke fan Martena]] fan it Martenahûs oan de Nijstêd en Rienck fan Cammingha (op Camminghaburch) ta de njoggen Ljouwerter eallju dy't yn [[1568]] wegeren in eed te swarren, dat se de stêd tsjin de fijannen fan kening Philips II ferdigenje soenen.
 
Nei de dea fan Goffe fan Aebinga ([[1579]]) kocht syn widdo, Byuck fan Cammingha, yn [[1591]] ek it ten easten fan harre dûbele wente lizzende hûs ([[Camstrahûs]]), mei skuorre en pleats foar 1110 gûne fan in dochter fan de boarger Hans Snitger, dy't syn bern ferskate gruttere huzen yn de stêd neilitten hie. Al trije jier earder hie Beyts fan Haerda, widdo fan neamde Rienck fan Cammingha, dat hûs keapje wold foar 953 gûne, mar dat wie doe troch de fouden fan de noch minderjierrige erfgenamten behindere.
Yn it kohier fan de skoarstienjilden yn it Aldehouster espel, in belestingboek út [[1606]], wurdt Byuck oanslein foar mar leafst 9 skoarstiens en har buorfrou "Aaltie Donia" op Camminghahûs foar 'mar’ 4 skoarstiens.
[[Ofbyld:Ljouwert Byuck-Cammingha besit yn 1579.jpg|thumb|right|300px|''besit Byuck Cammingha yn [[1579]]'']]