Technology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: ne:प्रविधि
No edit summary
Rigel 13:
Troch groei fan minsklike kennis en tapassing fan dy kennis, libje minsken langer. En hoe mear't minsken witte en kinne, hoe mear't se wolle. Minsken witte dat it hert de minsk yn libben hâldt. En as it hert net mear wurket, dan ''wolle'' minsken in ferfangjend hert krije kinne om yn libben te bliuwen. En kin soks net altiten fia [[transplantaasje]], dan wolle minsken in [[keunsthert]]. En as it net oan it hert leit, dan is it wol wat oars. Minsken wolle net allinnich âld wurde en libjen bliuwe, misken wolle ek libben bliuwe. Dus binne de knibbels of heupen fersliten, dan wolle misnken keunstknieren. Of in [[rollator]] om se te ûndersteunen. De minsk levert de fraach dêr't de technology oan foldwaan wol. Desneeds troch de wittenskip yn te skeakeljen om de gatten op te foljen dy't de besteande technology net oerbrêgje kin.
 
Troch de technology is sels de aard fan de maatskippij feroare. Ferhuze ien earder fan Ljouwert nei [[Grins (stêd)|Grins]], dan begûn hy mei syn famylje in nij libben en sei it âlde farwol. Tsjintwurdich kin ien deselde ôfstân oerbrêgje en tagelyk syn âlde freonefermidden, relaasjes en kultuer behâlde: kultuer, komôf en minsklike ynteraksje binne net langer bûn oan plak, tiid of ôfstân. Immen is net allinnich mar Fries of Grinslanner; ien is Grinslanner, fan fan [[Sven Kramer]], [[moslim]] en wurknimmer fan in [[Denemark|Deensk]] bedriuw, allegear tagelyk, omdat technology it mooglik makke hat safolle tagelyk te wêzen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Technyk]]