Technology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Astronaut-EVA.jpg|thumb|''Healwei de [[20e ieu]] is it de minsk slagge om mei de technology de [[Ierde (planeet)|ierde]] te ferlitten om de [[Romte (astronomy)|romte]] te ferkennen.'']]
'''Technology''' is yn it foarste plak it omsetten fan it witten yn hannelingen en produkten dêr't de minske ferlet fan hat. It omsetten sels kin troch oaren bestudearre wurde en (systematysk) brûkt wurde yn de [[technyk]]. It betinken fan oplossingen fanfoar praktyske of systematyske problemen kin ek as ûnderdiel fan technology sjoen wurde. It wurd 'technology' wurdt ek wol brûkt as in oantsjutting foar ferskillende masines, ark en wurkwizen.
 
De wittenskip hat ûntdekt dat [[elektrisiteit|elektryske]] stromen in [[magnetyske fluks]] feroarsaakje kinne en dat fluks in tsjinfluks feroarsaket. Technology bestiet derút te betinken dat soksoarte meganisme brûkt wurde kin om mei elektrisiteit in stêfke rûndraaie te litten. Technology bestiet derút te betinken hoe't sa'n stêfke en sa'n apparaat boud wurde kinne, hoe't der feilige meskes oan fêstmakke wurde kinne. It resultaat is in stik technyk: in elektrysk skearapparaat.