Technology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Astronaut-EVA.jpg|thumb|''Healwei de [[20e ieu]] is it de minskminske slagge om mei de technology de [[Ierde (planeet)|ierde]] te ferlitten om de [[Romte (astronomy)|romte]] te ferkennen.'']]
'''Technology''' is yn it foarste plak it omsetten fan it witten yn systematyske hannelingen en produkten dêr't de minske ferlet fan hat. It omsetten sels kin troch oaren bestudearre wurde en (systematysk) brûkt wurde yn de [[technyk]]. It betinken fan oplossingen foar problemen fan praktyske of systematyskestrukturele problemenaard kin ek as ûnderdiel fan de technology sjoen wurdewêze. It wurd 'technology' wurdt ek wol brûkt as in oantsjutting foar ferskillende masines, ark en wurkwizen.
__NOTOC__
== Technyk en technology ==
De grinzen tusken wittenskip, technyk en technology is net altiten dúdlik. De technyk beskriuwt in wurkwize dy't brûkt wurdt om in bepaald doel te heljen. De technology leit de klam op it witten om dy technyk te ferklearjen, risiko's en ûnderfiningen te beskriuwen, en nei fierdere mooglikheden te sjen.
 
== Iere skiednis ==
De wittenskip hat ûntdekt dat [[elektrisiteit|elektryske]] stromen in [[magnetyske fluks]] feroarsaakje kinne en dat fluks in tsjinfluks feroarsaket. Technology bestiet derút te betinken dat soksoarte meganisme brûkt wurde kin om mei elektrisiteit in stêfke rûndraaie te litten. Technology bestiet derút te betinken hoe't sa'n stêfke en sa'n apparaat boud wurde kinne, hoe't der feilige meskes oan fêstmakke wurde kinne. It resultaat is in stik technyk: in elektrysk skearapparaat.
Neffens it wurdboek wurdt technology omskreaun as de ''lear fan 'e bewurkingen dy't de natuerlike grûnstoffen ûndergean yn 'e yndustry''.<ref>Frysk Hânwurdboek, Ljouwert 2008, Fryske Akademy en Afûk, lemma 'Technology'</ref> De skiednis fan de technology by de minske begûn mei it omsetten fan natuerlike grûnstoffen yn ark. In simpele hanneling lykas it meitsjen fan [[fjoer]] hat de minske by steat steld om mear dingen ite te kinnen en de útfining fan de [[fûstbile]] hat derfoar soarge dat minsken grûnstoffen en materialen bewurkje kinne. Troch de útfining fan it [[Tsjil (foarútgean)|tsjil]] koenen minsken langere ôfstannen ôflizze.
 
== Hjoeddeistige betsjutting ==
As we technology sjogge as it opbouwen fan in stik technyk út wittenskip, dan is de stap gau makke om technology ek te beskôgjen as in gehiel fan prosessen dy't technyk fuortbringe út kennis. [[Ekonomy|Ekonomen]] sprekke ek wol fan technology, en dêrmei bedoele se de stân fan ús kennis om nije produkten meitsje te kinnen. Ek [[polityk|politisy]] brûke dizze term. Sterker noch, in politikus dy't stânfêst, sûnder útsûndering, besiket te bestjoeren oan de hân fan regels en it tapassen fan algemiene kennis op spesifike situaasjes wurdt ek wol in [[technokraat]] neamd.
Troch de technology is de aard fan de mienskip feroare. Minsken kinne bettere huzen bouwe en gruttere ôfstannen ôflizze. Foaral op it mêd fan kommunikaasje hat de technology de wrâld feroare. Troch ferskate ferbiningen lykas [[tillefoan]]s, [[kompjûter]]s mei [[ynternet]] en [[radioweach|radioweagen]] wie de minske by steat om op gruttere ôfstân hieltyd flugger kommunisearje te kinnen. It brûken fan ôfsprutsen symboalen (letters) en it brûken dêrfan yn boeken en op kompjûterbyldskermen hawwe derfoar soarge dat de oerdracht fan kennis hieltyd makliker en flugger plakfine koe. De minske kin troch syn ferwurvenheden op it mêd fan sûnens langer libje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
De skiednis fan de technology is de histoarje fan de útfining fan ark en technology. Nije [[kennis]] en [[technyk]] hat ús by steat steld nije dingen te ûntwikkeljen, mar technology hat de [[wittenskip]] by steat steld nije gebieten te ferkennen.
<references/>
 
}}
Troch groei fan minsklike kennis en tapassing fan dy kennis, libje minsken langer. En hoe mear't minsken witte en kinne, hoe mear't se wolle. Minsken witte dat it hert de minsk yn libben hâldt. En as it hert net mear wurket, dan ''wolle'' minsken in ferfangjend hert krije kinne om yn libben te bliuwen. En kin soks net altiten fia [[transplantaasje]], dan wolle minsken in [[keunsthert]]. En as it net oan it hert leit, dan is it wol wat oars. Minsken wolle net allinnich âld wurde en libjen bliuwe, misken wolle ek libben bliuwe. Dus binne de knibbels of heupen fersliten, dan wolle misnken keunstknieren. Of in [[rollator]] om se te ûndersteunen. De minsk levert de fraach dêr't de technology oan foldwaan wol. Desneeds troch de wittenskip yn te skeakeljen om de gatten op te foljen dy't de besteande technology net oerbrêgje kin.
 
Troch de technology is sels de aard fan de maatskippij feroare. Ferhuze ien earder fan Ljouwert nei [[Grins (stêd)|Grins]], dan begûn hy mei syn famylje in nij libben en sei it âlde farwol. Tsjintwurdich kin ien deselde ôfstân oerbrêgje en tagelyk syn âlde freonefermidden, relaasjes en kultuer behâlde: kultuer, komôf en minsklike ynteraksje binne net langer bûn oan plak, tiid of ôfstân.