Tongblier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
dûbele ynfo der út
Rigel 1:
'''Tongblier''' is in slim besmetlike [[firus]]sykte dy't foarkomme kin by [[evenhoevigen]] lykas [[ko|kij]], [[baarch|bargen]], [[skiep]], [[hart]]en en [[geit]]en. In siik bist krijt blieren yn de mûle, benammen op de tongtonge, en hat de koarts.
 
De sykte is foar bisten slim besmetlik, ferlykber mei de [[gryp]] by minsken. Dêrom jilde der yn gefal fan tongblier alderhanne maatregels. De sykte kin troch in ferskaat oan firussen feroarsake wurde. In dúdlik gefolch fan de syktme is dat siike bisten blieren yn de mûle krije, benammen op de tong.
 
De sykte is it slimst by kij. Ek dêr is dy lykwols mei goede fersoarging net deadlik; nei likernôch twa wike is de ko wer sûn. In ko dy't ien kear siik west hat, hat in oare kear wjêrstân tsjin de sykte. Sûnder fersoarging stjert 1 as 2 persint fan de bisten. Tsjintwurdich wurde bisten mei tongblier lykwols faak ôfmakke, omdat de eksport fan fee stagnearret as de sykte de kop opstekt. Om dyselde reden wurdt der yn de measte lannen ek gjin gebrûk mear makke fan [[faksinaasje]]. Dat hat ta gefolch it risiko op in [[epidemy]] by it útbrekken fan tongblier folle grutter is at wat dy oars wêze soe.