Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 33:
Omdat hja yn [[Fryslân]] tige populêr wie, waard se troch de befolking ek wol 'Muoi' of 'Meu' neamd. Biografen en historisy beskriuwe har as godfruchtich en beskieden, en har optreden as ienfâldich en ynnimmend, mar fêsthâldend wat de steedhâlderlike ambysjes fan de fryske Nassaus oanbelange. Der binne ferskate biografyen en wiidweidige biografyske artikels oan har wijd. Yn 1970 ferwurke [[Dieuwke Winsemius]] har libben sels ta in roman.
;Marijke Muoiraam
Yn de Jacobinertsjerke fan Ljouwert sit it "Marijke Muoi-raam". Omdat it wapen fan Maria Louise al yn it linker raam ôfbylde is, sit rjocht it wapen fan har âlden. Marijke Muoi is ôfbylde yn de midden, se giet dêr krekt efkes de koets út om lekkers oan de tastreamde bern út te dielen. (It ferhaal giet dat it eskorte fan tsientallen bern har wolris tefolle waard se stuts dan de holle út de koets en sei tsjin de bern "Berntsjes, gauwgau nei hûs ta gean, jimme Mem bakt strou!"). De oanhinklikheid fan de befolking wurdt foarsteld troch in man dy't drok mei de Oranje-Blanje-Bleu flagge swaait. Boppe-yn it raam it ôfbyld fan it Prinsessehof, dat se oant har dea yn 1765 bewenne. De ûndergeande sinne tsjut der op dat se de lêste fan de Fryske steedhâlders wie dy't yn Ljouwert hof hâlde.
 
== Houlik en bern ==