Ype Baukes de Graaf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
No edit summary
Rigel 1:
'''Ype Baukes de Graaf''' ([[Warkum]], [[1813]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[23 maart]] [[1860]]) wie de lêste ta de dea feroardielde yn [[Fryslân]]
 
Op [[12 novimber]] [[1859]] waard Ype Baukes de Graaf, in arbeider, ta de dea feroardiele foar de moard op syn eardere faam Aafke Monsma (op [[3 septimber]] [[1859]]) út [[Harns (stêd)|Harns]]. Hy kaam ta syn died neidat er foar de tredde kear frijkaam út it tichthûs en Aafke neat mear fan him witte woe. Neidat se him ôfwiisd hie, slipe er syn mes en socht har opyn'e iere moarn op, op'e merke dêr't Aafke sjouwwurksjouwurk die. Dêr sprutsspriek er har oan mei de wurden "Aafke, beraad je...". Doe't se nochris oanjûchoanjoech gjin priis te stellen op syn selskip, bedielde er har mei sân deadlike stekken fan syn mes en ûntflechtteûntflechte de stêd. In dei letter waard er oppakt. Ut de ferhoaren die bliken dat er ek noch fan doel west hie om harren bern om te bringen en himsels tekoart te dwaan.
 
Neidat op 12 novimber troch Jhr. Mr. H. M. Speelman Wobma de deastraf útsprutsen wie, waard it fûnis op 23 maart 1860 útfierd op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Troch ophinging kaam er oan syn ein. Hy wie de lêste yn fredestiid ta de dea feroardielde yn [[Fryslân]].