Wilhelmina-oard (bosk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
L red.
Rigel 1:
'''Wilhelmina-oard''' is in [[bosk]] oan de eastkant fan [[Sint Nyk]].
 
Wilhelmina-oard is yn [[1845]] oanlein as kuierbosk. Dat doel is dúdlik wer te kennen oan de lange rjochte ikebeammen dy't by de paden lâns steane. [[Jonkhear fan Beyma]], dy't boargemaster wie fan [[Lemsterlân]], wie de stifter fan de bosk. Yn [[1903]] hat de [[freule fan Eijsinga]] hjir it bûtenferbliuw [[Wilhelmina-oard (ynstelling)|Wilhelmina-oard]] stifte. It gebou is yn de rin fan de jierren brûkt as [[sanatoarium]], as rêsthûs en as in opfangsintrum foar psycho-sosjaal swakke minsken. De bosk is yn [[1986]] yn it besit kaam fan it [[Fryske Gea]]. It Fryske Gea hat der sûnt foar soarge dat der in ferbining kaam mei de [[Vegelinsbosken]].
 
Yn de bosk libje [[das]]sen. Midden yn de bosk hat in dassefamylje in boarch makke. Dassen binne net útsûnderlik yn Fryslân, se komme ek foar yn [[Gaasterlân]]. Yn de bosk binne ek moaie dinnebeammen te sjen. Fierders falle de prachtige hulsebeammen op. Yn de bosk is in ferskaat oan fûgels te hearren.