Haadmenu iepenje

Changes

1 byte removed ,  7 jier lyn
== De Reformaasje yn Fryslân ==
Ek yn Fryslân wie de Reformaasje in kompleks ferskynsel. Der is yn dy tiid spanning yn- en bûten de tsjerke. De doarpspastoars, meast Friezen, troch frije prysterkar oansteld, stienen de [[Fryske Frijheid]] foar: gjin 'ûngewoane' tsjerklike belestingen, gjin tsjerklike maatregels út it fiere [[Brussel]] of [[Rome (stêd)|Rome]] wei, gjin steun foar de [[Ynkwisysje]]. Mar, it beskavingspeil fan de prysters wie net heech, harren hannel en wannel wekte krityk, de macht fan de kleasters mindere. Dêrneist groeit de twivel oer de roomske tsjerkelear.
[[Ofbyld:Calvinus.jpg|thumb|''Jehannes CalvijnKalvyn'']]
Wat it earst en it sterkst wurke hat, falt net te sizzen. De earsten dy't de herfoarming tadien binne, binne Sakremintaarjers, sy ûntkenne it miswûnder en neist harren oppenearje har hieltiten mear de [[Dopersken|dopersken]] oer de werdoop. Dat it Munsterske aventoer sa'n yndruk makket, wylst der bygelyks fan [[Luteranisme]] gjin sprake is, moat gearhingje mei de ekonomyske posysje fan de massa. Oant koart foar [[1580]] is der ek gjin eigentlik [[kalvinisme]], men is anti-roomsk. Al in hiel skoft foar [[1560]] wienen der in soad non-paschanten. Oarsaak: de ynfloed fan geastliken as [[Gellius Faber]], de wurking fan strange plakkaten fan oerheid en ynkwisysje op de folksaard, stúdzjes oan bûtenlânske univeriteiten (Wittenberch). Dat dit lêste [[1544]] ferbean waard seit genôch. In soad fan dizze studinten waarden frijheidsstriders (sjoch [[Karel Roarda (politikus)|Karel Roarda]]). Dochs hat in goedlieden herfoarming yn hert en holle hjir in soad kânsen hân. Doe't dy útbleau, kaam ek troch de politike situaasje (sjoch [[George fan Lalaing|Rennenberg]]) de omkear. De grifformearde sjerke krige de macht en waard [[steatstsjerke]] yn [[1580]].
 
Anonymous user