Praach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L letter mear
L [[]], oars net, wier
Rigel 3:
[[Ofbyld:karelsbrugpraag.jpg|thumb|right|200px|Karelsbrêge]]
 
'''Praach''' (Tsjechysk: Praha) is de haadstêd en grutste stêd fan [[Tsjechje]] en leit oan rivier de [[Moldau]] (Tsjechysk: ''Vltava''). Yn 2005 hat de stêd 1 .181 .610 ynwenners en in oerflak fan 496 km².
 
De universiteit fan Praach, de Karlsuniversiteit, is stifte yn [[1348]] troch kening Karl IV en is de âldste universiteit fan Sintraal-Europa benoarden de [[Alpen]] en beëasten de [[Ryn]]. Sûnt [[1992]] stiet it âlde stêdssintrum op de [[UNESCO ]]-[[wrâlderfguodlist]].
 
Praach leit yn de histoaryske regio [[Bohemen]], dat tegearre mei [[Moraavje]] Tsjechje foarmet. Bohemen wie eartiids in keninkryk, mar troch ferskate houliken mei Habsburchske foarsten waard it lân yn [[1526]] part fan de Habsburchske dynasty. Tagelyk waard Bohemen in Eastenrykske provinsje dat ta gefolch hie dat Praach Dútsktalich waard. Ferneamde Dútsktalige skriuwers en dichters, lykas [[Franz Kafka]] en [[Rainer Maria Rilke]], binne hikke en tein yn Praach.
 
Hjoed-de-dei is Praach benammen om syn ferskate boustilen in nijsgjirrich plak foar toeristen.
 
== Skiednis ==
* Praach waard stifte yn de [[9e ieu]].
* 973, oprjochting Bisdom fan Praach.
* 1784, gearfoeging fan de Alde stêd, Nijstêd, Malá Strana en Hradčany.
* 1918, [[Tsjechoslowakije]] wurdt ûnôfhinklik mei Praach as haadstêd.
* 1968, [[Praachske maitiid]].
* 1993, Praach wurdt haadstêd fan Tsjechje.
* 2002, oerstreaming fan rivier de [[Moldau]].
 
== Transport ==
Ruzyně International Airport leit oan de westside fan de stêd. Om troch de stêd te reizgjen is der in goed netwurk fan trams[[tram]]s, bussen en [[metro]]'s. De trije metrolinen (A-grien, B-giel, C-read) kruse inoar yn it sintrum fan de stêd. Der binne mooglikheden om deikaarten of wykeinkaarten te keapjen foar tram, bus en metro.
 
== Ferneamde ynwenners ==