Putten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling nl:
red
Rigel 16:
Yn de akte fan de Fryske edelman [[Folckerus]] (út [[855]]) wurdt foar it earst de namme ''Putten'' neamd. Yn dizze akte wurd guod en lannen oerdroegen oan it kleaster fan Werden (by Essen yn Dútslân), en Putten wurdt ''in vico qui dicetur Puthem'' (as buorskip of doarp) neamd. Putten is, neidat de tsjerke stifte is, in samling buorskippen dy't meiïnoar in tsjerkedoarp foarmje, in situaasje dy't oant de [[10e ieu]] buorret. Dit Tsjerkedoarp beslaat in grut gebiet, dat rint oant [[Nijkerk]] en [[Voorthuizen]]. Pas yn [[1416]] wurde Nijkerk en Voorthuizen ferselsstannige.
 
Putten is dan benammen agrarysk gebiet, wêrby't de measte pleatsen hearre ta it besit fan de kleasters Werden, Elten en Abdinckhof (yn [[Paderborn (stêd)|Paderborn]]). yn [[1559]] draacht it kleaster Werden har besittings oer oan dat fan Abdinckhof, wêrmei't lêstneamd kleaster fierwei de grutste grûneigener wurdt. Oant [[1803]] wurde dizze besittings troch "de Kelnarij" (in rentmaster of ''kellenaar'') bestjoerd. Oan dizzedy perioade herinnerjebringe yn Putten noch yn it ûnthâld ûnder mear de Kelnarijstrjitte, de Abdinckhofstrjitte en de Paderbornstrjitte.
 
Oan de ein fan de [[16e ieu]] berikt de [[Reformaasje]] Putten, en oant [[1608]] is der in [[roomsk-katolyk]] [[pastoar]] dy't fanút de Pancratiustsjerke wurket. It grutste diel fan de befolking wurdt dan [[protestants]], en mar in lytse roomske kearn bliuwt oer.