Kristallnacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Kristallnacht
red
Rigel 2:
De '''Kristallnacht''' wie in troch de [[nazi]]'s organisearre [[pogrom]] rjochte tsjin de [[Joaden]] yn [[Dútslân]].
 
De Kristallnacht barde yn de nacht fan [[9 novimber|9]] op [[10 novimber]] [[1938]]. Yn hiel Dútslân waarden Joaden oanfallen, der waarden 267 [[synagoge]]n yn brân stutsen en ûngefear 7500 winkels en bedriuwen fan Joaden fernield. Ek Joadske huzen, skoallen, [[begraafplak]]ken en [[sikehûs|sikehuzen]] moasten it ûntjilde. It waard de brânwarbrânwacht ferbean om de brânen te blussen. Yn de Kristallnacht waarden 92 Joaden fermoarde. Ek yn [[Eastenryk]] en [[Sudetelân]] waarden Joaden oanfallen en harren besittings fernield.<ref>[http://www.auschwitz.nl/woordenlijst/kristallnacht Kristallnacht troch it Nederlânsk Auschwitz Comité]</ref> Nazypropagandaminister [[Joseph Goebbels]] wurdt sjoen as it brein efter de Kristallnacht.
 
De namme ''Kristallnacht'' ferwiist nei de soad glêswurk dat by dizze oanfallen fernield waard. Fan Joadske side waard letter beswier makke. Sy fûnen de namme te eufemistysk te sjen oan de earnst fan wat bard wie. Sûnttiids wurde der yn Dútslân ek oare nammen brûkt, lykas ''Reichspogromnacht'' en ''Novemberpogrome 1938''. De Kristallnacht wurdt sjoen as in kearpunt yn it belied fan de nazi's tsjin de Joaden.