Ychten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rottum - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rottum (Skarsterlân)
red
Rigel 17:
 
==Geografy==
Yn it gebiet fan Ychten binne yn de [[19e ieu]] inkele fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld hjirfan is de yn it súdeastlike diel lizzende [[Klynsmafeart]]. Fierder de [[Middenfeart (Ychten)|Middenfeart]] en de [[Giterske Feart]], dat op it gebiet fan [[Eastersee]] leit. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei [[1750]] is dit gebietdat foar in grut part fergroeven foar [[turfwinning]] en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien.
Om 1840 hinne is menwaard begûn mei de útfeante plassen droech te meallen en yn kultuer te bringen. In pear persielen bringe dy't herinnerjeperioade oannoch dyyn perioadeit sin en binne nochdêr werom te finen yn it gebiet, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne der noch yn it gebiet. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.
 
De [[Tsjûkemar]] is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn [[1856]] is men drok dwaande west om de mar droech te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkele kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 per ha. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.