Pompejus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan :nl
 
Rigel 14:
Pompejus sleat him tegeare mei [[Markus Lisinius Krassus]] yn [[60 f. Kr.]] oan by it [[Earste Triumviraat]] dat op inisjatyf fan en mei, Gaius Julius Caesar sletten waard, nettsjinsteande it ûnderlinge wantrouwen tusken beide mannen. Caesar moast as konsul yn [[59 f. Kr.]] derfoar soarje dat Pompejus syn [[oarlochsfeteranen]] in stikje lân krige om te arbeidzjen. It triumviraat foel lykwols neidielich út foar Pompejus, doe't Krassus yn [[53 f. Kr.]] sneuvele yn de striid tsjin de [[Parten]] en it triumviraat einige.
 
De oergong fan militêr nei politikus ferrûn foar Pompejus min. Sawat alle antike auteurs (û.a. [[Plutarchus]], [[Kassius Dio]] en [[Appianus]]) skriuwe dan ek dat it foar Pompejus better west hawwe soe as er fuort nei syn grutste oerwinning op Mitridates wie ferstoarn wie. Neidat Pompejus yn de problemen kaam troch syn passive hâlding ofen minne beslissingen as gefolch fan ferkearde ynformaasje, luts hy him safolle mooglik tebek út it iepenbiere libben.
 
De problemen dy't letter ûntstiene troch de opstân fan Caesar soenen der lykwols foar soarje dat Pompejus opnij it harnas oanlutse moast.