Pompejus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
 
== It earste triumviraat (60-53 f. Kr.)==
Pompejus sleat him tegearetegearre mei [[Markus Lisinius Krassus]] yn [[60 f. Kr.]] oan by it [[Earste Triumviraat]] dat op inisjatyf fan en mei, Gaius Julius Caesar sletten waard, nettsjinsteande it ûnderlinge wantrouwen tusken beide mannen. Caesar moast as konsul yn [[59 f. Kr.]] derfoar soarje dat Pompejus syn [[oarlochsfeteranen]] in stikje lân krige om te arbeidzjen. It triumviraat foel lykwols neidielich út foar Pompejus, doe't Krassus yn [[53 f. Kr.]] sneuvele yn de striid tsjin de [[Parten]] en it triumviraat einige.
 
De oergong fan militêr nei politikus ferrûn foar Pompejus min. Sawat alle antike auteurs (û.a. [[Plutarchus]], [[Kassius Dio]] en [[Appianus]]) skriuwe dan ek dat it foar Pompejus better west hawwe soe as er fuort nei syn grutste oerwinning op Mitridates ferstoarn wie. Neidat Pompejus yn de problemen kaam troch syn passive hâlding en minne beslissingen as gefolch fan ferkearde ynformaasje, luts hy him safolle mooglik tebek út it iepenbiere libben.