Ridder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - fuort: br, cy, fr, sq
fw
Rigel 2:
In '''ridder''' (it wurd is ôflate fan "ruter") wie yn de [[Midsieuwen]] oarspronklik in beride en bepantsere soldaat ([[Ruter (persoan)|ruter]]) dy't de [[ridderslach]] ûntfongen hie. Meastentiids waard dat dien troch de kening of in plakferfanger fan him. Letter waard de namme assosjearre mei de [[eallju]] en sosjale status, nei alle gedachten omdat de kosten fan de útris troch de gewoane kriichslju net mear op te bringen wie.
 
Yn it iere [[Romeinske Ryk]] foarme de ''[[equites]]'' (iental ''eques''), letterliker "ruters", al in sosjaal befoarrjochte stand, in soart [[middenklasse]] tusken de [[patrisjersPatrysjer|patrysjers]] en [[plebejer]]s yn. De equites droegen û.a. [[maliënkolder]]s. Om by dizze stand te hearren moasten sy al oer in wis fermogen beskikke. Yn it Romeinske leger foarme ''equites'' de [[kavalery]]. Lykwols wie harren funksje op it slachfjild meastentiids beheind ta it útfiere fan ferkenningstochten, omdat de Romeinen noch net oer de [[Stiichbûgel]] beskikten. Sûnt de ein 3e ieu f. Kr. waard de Romeinske kavalery benammen levere troch alliearde folkeren, en waard ''eques'' in symboalyske titel foar de Romeinske elite.
 
Yn Jeropa is nei de Romeinske tiid, yn de [[Iere Midsieuwen]] stadichoan de modernere ridder ûntstien. Hy beskikte oer swiere wapens en wie tanksij de stiichbûgels in tige effektive strider dy't oer in eigen hynder beskikte. Yn earsten waard in grut diel fan de ridders rekrutearre út de klasse fan de minsterjalen, tsjinstlju fan rike eallju. Dat wienen faak ienfâldige boeresoannen dy't troch de lânhear frijstelt waarden foar it wurk op it lân en ynstee dêrfan oare taken krige, û.o. as wapene begelieder, dy't op in hynder stride koenen. Om op in hynder mei de lange lâns stride te kinen, wie net ienfâldich en om dêryn in útblinker te wurden, wie it bêste om der al op jonge leeftyd mei trene te begjinnen. De ministerjalen libben meastentiids op it [[kastiel]] fan harren master of hienen in eigen kastiel yn lien.