Pompejus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
Rigel 7:
Wylst Sulla Rome ynnaam, gie Pompejus út syn namme nei Sisylje en Noard-Afrika om dêr de oanhingers fan [[Marius]], de tsjinstanner fan Sulla, te bestriden. By syn weromkomst yn Rome, krige Pompejus de opdracht om de opstannige [[Sertorius]] yn Spanje te ferslaan. Nei in lange kriich waard Sertorius troch in eigen offisier, Perperna, ombrocht en koe Pompejus weromkeare nei Rome.
 
Neidat er mei in spesjaal mandaat beklaaie wie om de [[Seerover|piraten]] út [[Silisje]], dy't de [[Middellânske See]] teisteren, te bestriden, slagge hy yn in rap tempo dêryn harren út te roegjen. Yn Rome hie men tocht dat hy de put yn trije jier foltôgje soe, mar it waarden trije moannen. Pompejus ferdriuw harren nei de eastlike boppehoek fan de Middellânske See. Hy joech de oerbleaune piraten de kar: deafechtsje of in nij libben begjinne. Hja keazen allen foar de lêste. Ut tankberens stiften de bekearde piraten de stêd Pompeiopolis (tichtby it tsjintwurdige [[Mersin (stêd)|Mersin]]). Dêrop naam Pompejus, yn [[66 f. Kr.]], it befel oer fan de Romeinske generaal [[Lucullus]] en syn striid tsjin [[Mitridates VI]] fan [[Keninkryk Pontus)|Pontus]]. Nei inkele grutte oerwinningen behelle te hawwen organisearre Pompejus it grutste part fan it easten fan it [[Romeinske Ryk]] opnij.
 
Al dizze oerwinningen joegen him de earetitel ''Magnus'' (de Grutte), wat him op like hichte brocht as syn idoal [[Aleksander de Grutte]].