Pjotr Kropotkin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: oc:Piotr Kropotkin
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L Robot: ISBN opgemaakt
Rigel 7:
Kropotkin konkludearre, ûnder oaren yn tsjinstelling ta Darwin, dat by bisten fan deselde soarte gjin striid om it bestean foarkomt. Help en [[solidariteit (etyk)|solidariteit]] ûnder inoar blike essensjeel foar it behâld en de evolúsje fan eltse bistesoarte. De minske hinget der neffens Kropotkin ek nei oer om in genereuze hâlding oan te nimmen, him op te offerjen en wat foar in oar oer te hawwen. Dat soe benammen bliken dwaan yn lytse en solidêre mienskippen. Hy miende soks noch te sjen in beskate lânseigen befolkingsgroepen, dy't it [[feodalisme]] en [[kapitalisme]] net kend hienen.
 
Sa skreau er oer de [[Kommune fan Parys (1871)|Kommune fan Parys fan 1871]], dat "in nij idee berne wie ûnder de namme fan de Paryske Kommune, in idee foarornearre de miet te wurden foar revolúsjes yn de takomst."<ref>Edwards, Stewart (1973), ''The Communards of Paris, 1871'', London, Thames and Hudson, p. 10. ISBN 0 -500 -75002 -5</ref> De [[moderne steat]] is neffens Kropotkin de grutste behindering foar it berikken fan in maatskippij grûnfêste op ûnbaatsuchtigens, frijheid en gelikens. It ôfbrekken fan de steat soe dêrom de iennichste wei wêze nei solidêr gedrach fan de minske, de befrijing fan it yndividu en de foarútgong fan de maatskippij.<ref>Kropotkin, P.A. (1902) ''Wederzijdse hulp/Mutual aid''.</ref>
 
== Keppeling om utens ==