Jeanne d'Arc: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: eu:Joana Arc-ekoa
noch wat tf's
Rigel 4:
[[Ofbyld:JoanOfArcLarge.jpeg|thumb|''Skilderij fan Jeanne d'Arc, [[Jules Bastien-Lepage]], 1879'']]
[[Ofbyld:Guerre de cent ans (1435).svg|thumb|''Kaart fan Frankryk mei yn felread de gebieten yn Ingelske hannen'']]
'''Jeanne d' Arc''', ek: '''Joan of Arc''', berne as '''Jehanne d'Arc''', ([[Domrémy]], [[Lotaringen]],[[6 jannewaris]]? ± [[1412]] – [[Rouen]], ([[Normandje]]), [[30 maaie]] [[1431]] ) waard ek de '''Faam fan Orleans''' neamd, is in nasjonale heldinne fan [[Frankryk]]. Se waard yn [[1909]] [[sillichferklearring|sillich]] en yn [[1920]] [[hillichferklearring|hillich]] ferklearre troch de [[RoomsRoomsk-Katolike tsjerke]].
 
Jeanne waard berne yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken [[Ingelân]] en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, de [[Hartochdom Boergonje|Boergonjers]], it noarden fan it lân. Frankryk hie nei de dea fan [[Karel VI fan Frankryk|Karel VI]] (''de Dwylsinnige'') yn [[1422]] gjin kening, en de troanopfolger (de [[Dauphin (kroanprins)|dauphin]]) wie te [[apaytysk]] om striid te leverjen foar de kroan. Hy betwifelebetwivele oft hy der wol rjocht op hie, omdat it heitwêzen fan Karel VI omstriden wie.
As [[tsiener]] bewearde Jeanne stimmen te hearren, fan de hilligen [[Katarina fan Aleksandrje|Katarina]] en [[Margareta fan Antiochje|Margaretha]], fan de [[aartsingel]] [[Michaël (aartsingel)|Michaël]] en fan [[God (kristendom)|God]], dy't seine dat it lân befrijd wurde moast fan de Ingelsken (de ''[[Godon]]s''). Yn [[1429]] socht se de dauphin op, ûnderweis klaaid as man om har te frijwarjen fan ûnseedlike oandchtoandacht, mei as doel him derfan te oertsjûgjen de striid oan te fieren. De dauphin liet har earst ûnderfreegje troch tsjerklike gesachsdragers, dy't har yn it earstoan fan [[ketterij]] fertochten en stimde doe yn mei it útstel it Ingelske [[belis fan Orléans]] te brekken.
 
[[Ofbyld:Portrait jeanne d'arc.jpg|150px|thumb|left|''[[Hagiografy]]sk portret fan Jeanne d'Arc.'' <small>Boarne: Haggard, Andrew C P: France of Joan of Arc, New York, John Lane Company 1912</small>]]
Klaaid as in man, yn harnas, wist hja mei har frommens, selsberouwen en entûsjasme de demoralisearre Frânske troepen yn de stêd nij betrouwen te jaan. Op [[8 maaie]] waarden de Ingelsken twongen it belis op te jaan. DítDat súkses ("17-jierrich famke ferslaat Ingelsen") spruts yn it hiele lân ta de ferbylding en die it Frânske selsbewustwêzen in soad goed, wêrnei't de dauphin him troch Jeanne oertsjûgje liet dat it tiid wie om him kroane te litten. Hjirta moast [[Reims]] ferovere wurde, de stêd dêr't tradisjoneel de kening kroane waard. DitDat slagge de troch Jeanne late Frânsken sûnder folle ynspannings, en op [[17 july]] waard de dauphin kroane ta kening [[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]].
 
Letter kamen der gjin militêre súksessen mear. Karel VII wie tefreden mei it behelle resultaat en stelde net genôch midddelsmiddels beskikber foar mear feroverings. In oanfal op [[Parys]] mislearre, en by in útfal út it wol ferovere [[Compiègne]] waard Jeanne finzennomd troch de Boergonjers ([[1430]]). Dy ferkochten har oan de ein fan it jier oan de Ingelsken.
 
De Ingelsken woene stomme graach har as [[heks]] en [[ketter]] delsette, om sadwaande it keningskip fan Karel VII te ûntkrêftsjen. Se brochten har yn febrewaris [[1431]] yn Rouen foar de [[Ynkwisysje]], de [[tsjerklike rjochtbank]]. Jeanne waard beskuldige fan it fuortrinnen út it âlderlik hûs, it ûntkennen fan de tsjerklike autoriteit (har eigen kontakt mei God fia de stimmen), besykjen fan selsmoard (se hie besocht út de Boergonjeske finzenskip te ûntsnappen troch út in toer te springen), en it dragen fan manljusklean. Earst joech hja neat ta, mar nei driging mei [[Martelje|marteling]] luts se har ferklearring oer it hearren fan stimmen yn. Dêrnei waard de feroardiele ta [[libbenslange finzenisstraf]].
 
De Ingelsken wienen hjir net tefreden mei en wisten har mei in mûklist derta te ferlieden yn de finzenis wer manljusklean te dragen. It proses waard dêrnei weriepene. De rjochters konstatearren dat Jeanne wer yn oertreding wie en ferklearren har no ta ketter - in misdriuw dat ta de brânsteapel late. Op [[30 maaie]] [[1431]] waard se op de brânsteapel ferbaarnd op de âlde merk yn [[Rouen]]. NadatNeidat se mienden dat se stoarn wie, waard it fjoer dôve en har diels ferkoalle lichem oan de omstanners toand, om sjen te litten dat se yndie in frou wie. Dêrnei waard it fjoer wer oanstutsen. Omstanners bewearden dat har hert net baarndebaarne woe. Har jiske waard yn de [[Seine (rivier)|Seine]] struid. (yn de 17e ieu dûkte yn in apteek in potsje op dêr't ''Jeanne d'Arc'' op skreaun stie. Lange tiid waard oannomd dat dêr it de oerbliuwsels fan Jeanne d'Arc yn sieten. De resten blykten lykwols fan in Egyptyske [[mummy]] te wêzen. Dat wie it resultaat fan in ûndersyk laat troch de Frânske forinsyske antropolooch Philippe Charlier, publisearre yn ''Nature'', april 2007. Hy ûndersocht stikjes bonke en linnen, dy't no eigendom binne fan it aartsbisdom [[Tours (Indre-et-Loire)|Tours]]. De tsjerke hie by de sillichferklearring yn 1909 oanjûn dat it hast sekerwis wie dat de oerbliuwsels werklik fan Jeanne d'Arc wiene. Ferpolvere bonken fan mummysmummy's waarden oant yn de 19e ieu brûkt as medisyn, wat ferklearje kin dat dizze oerbliuwsels yn in apteek fûn binne)
 
== Nei har dea ==
De prosesstikken binne bewarre bleaun. Der komt in byld yn nei foaren fan in ienfâldich boerefamke dat soms antwurd jaan moast op yngewikkelde teologyske fragen, sûnder rjochtsbystân. Har militêre optreden wie benammen nofter, al kin in foarm fan moed har net ûntsein wurde: fandêr de beneaming ''la fille au grand coeur'', of: it famke mei it grutte hert.
[[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]], dy't syn keningskip oan har te tanken hie, die gjin inkele muoite om har te befrijen. De mem fan Jeanne krige yn [[1450]] wersjenning fan it proses en yn [[1456]] waard de feroardieling wegens "[[ketterij]]" neatich ferklearre. (In tribunaal laat troch ynkwisiteur-generaal Jean Bréhal beoardielde har saak opnij. It nije fûnnisfûnis fersmiet it oarspronklike oardiel en omskreau de eardere sitting as "korrupsje, bedroch, kwealaster, fraude en kweadwillichheid" troch paus [[Paus Calixtus III|Calixtus III]]. Yn april 1909 waard Jeanne sillich ferklearre troch [[paus Pius X]], en op [[16 maaie]] [[1920]] ferklearre paus [[Paus Benedictus XV|Benedictus XV]] har hillich. Har feestdei wurdt fierd op [[30 maaie]].
 
== As polityk symboal ==
Jeanne d'Arc is yn Frankryk in polityk symboal sûnt [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] en waard brûkt troch ferskillende groepearrings. Sa beneidrukte links har ienfâldige komôf, de iere konservativen wiisden op har steun oan de monargy en de lettere konservativen priizgen har nasjonalisme. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] rôp de FrânseFrânske ''poilu'' har namme yn de loopgravenrinfuorgen en waard se faak brûkt op propaganda-affysjes. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] brûkten it [[Vichy-Frankrijk|Vichy-rezjym]] én it Frânske ferset har as symboal foar harren striid.
 
Yn de hjoeddeiske Frânske polityk kleemt de rjochts-nasjonalistyske partij [[Front National (Frankryk)|Front National]] Jeanne d'Arc as beskermster fan it lân tsjin frjemde ynfloeden. Harren embleem fan in trijekleurige flamme ferwiist nei hat martelderskip. De partij brûkt Jeanne hat byldtenisbyltenis yn partijpublikaasjes en organisearret manifestaasjes by har stânbylden.
 
== Yn de keunsten ==
Har persoan en libben hat skriuwen troch de ieuwen hinne ynspirearre, wêrûnder grutheden as [[William Shakespeare|Shakespeare]] (dy't har yn ''Henry VI'' as heks delsette), [[Voltaire]] (''La pucelle d'Orléans''), [[Friedrich von Schiller|Schiller]] (''Die Jungfrau von Orleans''), [[George Bernard Shaw]] (''Saint Joan''), [[Jean Anouilh]] (''L'Alouette''), [[Mark Twain]] (''Personal Recollections of Joan of Arc'') en [[Bertolt Brecht]] (''Die heilige Johanna der Schlachthöfe'').
 
Yn de bylzjendebyldzjende keunst wurdt se meastentiids útbylde as in man yn [[harnas]] dy't op in hynder sit. Der binne ek films oer har makke (sjoch de [[list fan films oer Jeanne d'Arc]]).
 
De Italjaanske komponist [[Giuseppe Verdi]] skreau in opera oer "Giovanna d'Arco".
Yn 1938 komponearre Arthur Honegger in dramatysk oratoarium "Jeanne d'Arc au bûcher", nei in libretto fan Paul Claudel.
 
Yn Nederlân is in myzykferieningmuzykferiening nei har neamd: Muzykferiening "St. Jeanne d'Arc" út [[Noordwijkerhout]], Súd-Hollân. [[Orchestral Manoeuvres in the Dark]] hat yn [[1981]]/[[1982|'82]] twa lieten (yn [[1981]] brocht de popgroep Orchestral Manoeuvres in the Dark "Joan of Arc" út dat yn de Benelux gjin hit waard. It jier dêrnei waard "Maid of Orleans (the waltz Joan of Arc)" útbrocht dat yn Nederlân en Belgje samar in nûmer 1-hit waard) oer har útbrocht.
De Italjaanske Symphonic-Metalband Thy Majestie makke in CD oer dizze frou en har libben.