It Gryn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ru:Гринд
L st.
Rigel 4:
It Gryn is it heechste punt fan de [[Grynderwaard]], in [[waadplaat]]. Dêrmei is it it ienichste eilân yn [[Nederlân]] dat wier óp it waad leit, wylst alle oare Fryske eilannen op de râne fan it waad lizze.
 
Der is in leginde dat op it Gryn foar de [[Sint LuciafloedLusiafloed]] op 12 desimber [[1287]] in doarpke, of sels in stêd lein hat (''Stedeke Grint''), mar dêr is gjin wissigens oer. It is al bekend dat der al ieuwenlang in soad fûgels op it eilân binne; de Skylgers hienen de gewoante om op Gryn te [[aaisykjen]]. Dêr kaam in ein oan doe't it Gryn yn [[1912]] ûnder de Fûgelbeskermingwet rekke. Yn de rin fan de ieuwen moat it Gryn ek kilometers [[it wanneljen fan in eilân|wannele]] hawwe, mar ek dat is net presys bekend. Wol is bekend dat it eilân yn de earste helte fan de [[20e ieu]] alle jierren sa'n sân meter nei it easten wannele.
 
Om't nei 1940 it eilân yn grutte weromrûn, hat der yn [[1958]] in sântafoeging west om it yn stân te hâlden, mar earst nei't der yn 1973 in sânwâl fan 200 meter dellein is, en in 1988 noch in sânwâl, waard it fuortbestean fan it eilân foarearst feilichsteld. De maatregel hat ta gefolch hân dat him tsjintwurdich wer in fêste gersfegetaasje op it eilân oan it foarmjen is.