Harns (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Harlingen flag.svg
Rigel 26:
Yn it jier [[777]] stifte Gustavus Forteman de earste Kristentsjerke yn [[Fryslân]], yn [[Almenum]].
 
Omtrint [[1157]] stifte [[Eilwardus Ludinga]] it kleaster [[Lúntsjerk]] yn it doarp [[Almenum]]. De muontsen groeven grêften om de handelsfeart better mooglik te meitsjen. Ludingatsjerke waard hjirtroch ien fan de rykste [[kleasters yn Fryslân]]. De buert ten westen fan Almenum, Harns, waard dêrtroch sà wichtich dat dizze yn [[1234]] stedsrjochten krige. Noardwestlik fan Harns lei doe noch de stêd [[GrynIt (stêd)Gryn|Gryn]] mei poarten, grêften en sels in hegeskoalle. Yn [[1287]] waard Gryn by needwaar foar it grutste part ferswolge troch de see. No is Gryn noch mar in sânplaat yn de Waadsee. De namme Harns komt nei gedachten fan de ''state Harlinga''. Yn [[1311]] kaam "Harns" foar yn Ingelske havenregisters. Yn [[1579]] ûndertekenen ôfgesanten fan de stêd de [[Uny fan Utert]] en op [[22 desimber]] [[1634]] krige Harns syn oktroai fan de Steaten fan Fryslân foar ''Grienlânsk- en Strjitte Daevids-fiskerij'' (walfisfeart).
 
Twa ieuwen lang bestiet Harns, ''lizzend op in bochtige herne fan de kust'', in it skaad fan de universiteitsstêd [[Frjentsjer]]. Mar troch de ferbining mei de see naam de wolfeart stadichoan ta. Earder lei de stêd westliker as hjoed, mar de see sloech geregeld lân wei. Yn [[1543]] en [[1565]] wreide men út yn noardlike rjochting, sadat de [[Noarderhaven (Harns)|Noarderhaven]] de Binnenhaven waard, dy't hy no noch is. Op de middei fan [[17 maaie]] [[1568]] waarden ta fernuvering fan de Harnzers 1800 Waalske soldaten oan lân set, dy't letter yn de [[Slach by Heiligerlee]] ferslein wurde. De hate Spaanske kolonel [[Caspar de Robles]] - troch [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] dêr as steedhâlder oansteld - ûnthjitte yn [[1574]] ferheging fan de diken. Yn [[1579]] folge in útwreiding nei it easten, mei troch de tafloed fan Flaamske minnisten dy't it roomske suden ûntflechten. Troch dizze útwreiding dy't yn trije moanne foltôge waard, lei de tsjerke fan Almenum no binnen de stêdsfesten. De handelsfeart nei de lannen om Noardsee en Eastsee naam ta en yn [[1598]] waard de stêd wer útwreide, no yn súdlike rjochting.
[[Ofbyld:'s Lands Magazijn te Harlingen.jpg|thumb|right|270px|<small>De Suderhaven mei Fryske Admiraliteit (1790)</small>]]
Yn [[1644]] kaam de [[Fryske Admiraliteit]] fan [[Dokkum]] nei Harns. De Suderhaven krige it karakter fan marinehaven. De ferneamde [[Tsjerk Hiddes de Vries]] wurdt hjir letter luitenant-admiraal. De kriichsfeart bleau lykwols fan minder belang as de handelsfeart. Wit hoefolle skippers ûnderholden beurtfearten nei de Waadeilannen, nei alle hoeken fan de provinsje en nei de Suderseehavens, wêrfan Amsterdam de belangrykste wie. De stêd hie in soad yndustry. Der wienen skipmakkerijen, bierbrouwerijen, sâlt- en sjippesiederijen, stien- en pottebakkerijen, kalkûnen, nôt- en seachmûnen. Mar lykas soks al earder gie mei de Hânzestêden oan de doetiidske [[Sudersee]], waard Harns yn de kommende ieuwen foarbystribbe troch [[Amsterdam]] en [[Rotterdam]]. Dochs bleau Harns as kustfeart- en fiskershaven mei in soad foarsjennings en it nij groeven [[Van Harinxmakanaal]] fan grut ekonomysk belang foar [[Fryslân]].
 
== Wapen en flagge ==
De âldste werjefte fan it stedswapen fan Harns is fûn op in stêdssegel út [[1426]]. It wapen wie in eigendomsteken en symboal dat oan dokuminten fan de stêd in offisjeel karakter ferliende. De hâlder fan in wapen wie in rjochtspersoan. Oerienkomsten waarden 'besegele' troch in ôfdruk fan it wapen yn reade waaks op dokuminten of as slútsegel op perkaminten rôlen en slûven. Tsjinners en amtners fan de stêd droegen it wapen op amtsklean, helm of pet. Ek hjoed noch drage de boades yn it stêdhûs en it havenpersoniel it wapen op harren unifoarm. Ek op eigendommen fan de stêd, lykas reau en brêgen, wurdt it wapen ôfbylde.